Dark and Stormy Knights

Dark and Stormy Knights is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur en auteur P.N. Elrod. It boek omfettet njoggen koarte ferhalen fan it fantasysjenre. De titel betsjut letterlik "Tsjustere en Stoarmeftige Ridders" (in wurd dat yn it Ingelsk al gau de byklank fan 'ridder op it wite hynder' hat). It is lykwols in wurdboarterij, mei't de k fan knight stom is, sadat de titel itselde útsprutsen wurdt (en dêrom klinkt) as Dark and Stormy Nights ("Tsjustere en Stoarmeftige Nachten").

Dark and Stormy Knights
algemiene gegevens
auteur P.N. Elrod (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2010, New York
oarspr. útjwr. St. Martin's Griffin
kodearring
ISBN 978-0 31 25 98 341

De ferhalen yn 'e bondel binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Ilona Andrews, Jim Butcher en P.N. Elrod sels. Alle ferhalen út Dark and Stormy Knights waarden yn dizze bondel foar it earst útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Dark and Stormy Knights waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij St. Martin's Griffin.

Ferhalen bewurkje seksje

  1. Ilona Andrews, A Questionable Client (ûnderdiel fan Kate Daniels-rige)
  2. Jim Butcher, Even Hand (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  3. Shannon K. Butcher, The Beacon
  4. Rachel Caine, Even a Rabbit Will Bite
  5. P.N. Elrod, Dark Lady (ûnderdiel fan 'e Vampire Files)
  6. Deidre Knight, Beknighted
  7. Vicki Peterson, Shifting Star (ûnderdiel fan Signs of the Zodiac)
  8. Lilith Saintcrow, Rookwood & Mrs King
  9. Carrie Vaughn, God's Creatures (ûnderdiel fan 'e Kitty Norville-rige)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: