Fersteuring fan de iepenbiere oarder

Fersteuring fan de iepenbiere oarder is yn in soad lannen in misdriuw. It kin definiëarre wurde as it moedwillich fersteuren fan 'e natuerlike gong fan saken yn 'e iepenbiere romte. It is in oerkoepeljende term dêr't in protte asosjaal hâlden en dragen ûnder beflapt wurde kin. Men kin dan tinke oan it meitsjen fan in soad leven troch fjochtsjen of it útdaagjen fan oaren ta in gefjocht, it oanhâldend útflokken en útskellen oare persoanen, it ûnreedlik lûd oan hawwen fan in radio, of oanhâldend klaksonearjen. Faak is der by sokke kwestjes drank of drugs yn it spul. Fersteuring fan 'e iepenbiere oarder wurdt oer it algemien beskôge as in licht fergryp, dat, ôfhinklik fan 'e jurisdiksje, bestraft wurde kin mei in boete of in koarte perioade (bygelyks in nacht) fan opsluting yn in sel op it plysjeburo. Yn 'e measte lannen wurdt fersteuring fan 'e iepenbiere oarder net opnommen yn it strafblêd fan 'e dieder.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.