Curse of the Billy Goat
De Curse of the Billy Goat (Ingelsk foar "Bokkeflok") wie in flok dy't nei't men sei oer it Amerikaanske honkbalteam fan 'e Chicago Cubs útsprutsen wêze soe troch in William Sianis, de eigner fan 'e Billy Goat Tavern. Dyselde wie yn 1945 oanwêzich by in wedstryd yn it ramt fan 'e World Series fan dat jier yn Wrigley Field, it stadion fan 'e Cubs. Hy waard dêr lykwols útset om't er syn geit Murphy by him hie, dy't sa stonken hawwe soe dat oare leden fan it publyk der lêst fan hiene. Sianis, dy't fan etnysk Gryksk komôf wie, ûntstiek yn grutte grime oer dy behanneling, en soe sein hawwe: "Them Cubs, they ain't gonna win no more." ("Dy Cubs, dy winne neat mear.") De World Series fan 1945 ferlearen de Cubs fan 'e Detroit Tigers.
De algemiene ynterpretaasje dy't troch Cubs-fans neitiid oan 'e wurden fan Sianis jûn waard, wie dat it in ûnheilsbeswarring wie, dy't út wraak oer harren team útsprutsen wie. Sianis soe bedoeld hawwe dat de Chicago Cubs, in team dat yn 'e National League (NL) fan Major League Baseball (MLB) spile, nea wer de World Series winne soe, it kampioenskip fan 'e MLB dat spile wurdt tusken de winnende teams fan 'e NL en de American League (AL).
Dit Broadsje-Aapferhaal waard populêr as ferklearring foar de 71 jier fan 1945 oant 2016 wêryn't de Chicago Cubs net ien kear ta de World Series troch wisten te kringen, lit stean dat se it kampioenskip wûnen. (Om't de Cubs foar it lêst de World Series wûn hiene yn 1908, wie de eigentlike lingte fan 'e 'kampioenskipsdrûchte' fan 'e Cubs 108 jier.) De 'flok' waard opheft doe't de Cubs yn 2016 (saillant detail: op 'e 46e stjerdei fan Sianis) it kampioenskip fan 'e NL wûnen fan 'e Los Angeles Dodgers, wêrnei't se yn 'e World Series mei 4 tsjin 3 wûne wedstriden de Cleveland Indians fersloegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |