Chicago Cubs
De Chicago Cubs (letterlik: "Welpen út Chicago") binne in Amerikaansk honkbalteam út Chicago, dat útkomt yn 'e Sintrale Difyzje fan 'e National League (NL), ien fan 'e beide heechste kompetysjes fan Major League Baseball (MLB). It team bestiet sûnt 1870 en wie yn 1876 ien fan 'e oprjochtsjende leden fan 'e NL. Histoarysk hieten de Cubs efterinoar de Chicago White Stockings (1870-1889), de Chicago Colts (1890-1897) en de Chicago Orphans (1898-1902), foar't it team mei yngong fan it sportseizoen fan 1903 syn hjoeddeistige namme oannaam. Bynammen foar de Cubs binne: de Cubbies, de North Siders, de Boys in Blue en de Lovable Losers. It stadion fan it team is Wrigley Field, yn 'e North Side fan Chicago. De Cubs binne ien fan twa MLB-honkbalteams yn Chicago; it oare, de Chicago White Sox, komt út yn 'e American League (AL). Yn 1907 en 1908 wûnen de Cubs as earste team twa kear efterinoar de World Series, mar neitiid wisten se dat kampioenskip 108 jier lang net mear te winnen (sabeare troch de Curse of the Billy Goat), oant it yn 2016 einlings en te'n lêsten op 'e nij slagge.
Chicago Cubs | ||||
sportteam | ||||
| ||||
bysûnderheden | ||||
sport | honkbal | |||
lân | Feriene Steaten | |||
plak | Chicago (Illinois) | |||
oprjochte | 1870 | |||
hist. namme | Chicago White Stockings (1870-1889) Chicago Colts (1890-1897) Chicago Orphans (1898-1902) | |||
stadion | Wrigley Field | |||
koepelorg. | Major League Baseball (MLB) | |||
kompetysje | National League (NL) | |||
difyzje | Central | |||
stastistiken | ||||
winner World Series |
3× (1907, 1908, 2016) | |||
kamp. National League |
17× (1876, 1880, 1881, 1882, 1885, 1886, 1906, 1907, 1908, 1910, 1918, 1929, 1932, 1935, 1938, 1945, 2016) | |||
kamp. Central Div. | 5× (2003, 2007, 2008, 2016, 2017) | |||
kamp. East Div. | 2× (1984, 1989) | |||
rêchnûmers yn ûnbrûk |
7 (10, 14, 23, 26, 31 [2×], 42) | |||
tenu | ||||
kleuren | blau read wyt | |||
offisjele webside | ||||
chicago.cubs.mlb.com |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Chicago Cubs spilen harren earste wedstryd yn 1870, ûnder de namme fan 'e Chicago White Stockings (letterlik: "Wite Hoazzen út Chicago"). Yn 1876 joegen se har by de National League (NL) doe't dy kompetysje oprjochte waard. Yn dy tiid spile it team yn 'e West Side Grounds. Yn 1885 en 1886 kamen de White Stockings, nei't se de NL wûn hiene, út tsjin 'e winners fan in oare kompetysje, de American Association, dy't letter yn 'e NL opgean soe. Beide kearen wiene de St. Louis Brown Stockings (no de St. Louis Cardinals) de tsjinstanner, wat it begjin wie fan in rivaliteit tusken dy beide klubs dy't oant de dei fan hjoed oanhâldt.
Yn 1890 krige it team de nije namme Chicago Colts ("Hynstefôlen út Chicago"). Doe't stjerspiler Cap Anson yn 1897 de klub ferliet, begûnen sportsjoernalisten de Colts ynstee de 'Orphans' ("Wezen) te neamen, en yn 1898 naam it team dy omskriuwing as in soarte fan geuzenamme oan. Yn 1901 waard de âlde namme Chicago White Stockings yn in ferkoarte foarm oannommen troch in nij honkbalteam yn 'e stêd, de Chicago White Sox. De Orphans krigen ûnderwilens mei yngong fan it sportseizoen fan 1903 harren hjoeddeistige namme fan 'e Chicago Cubs ("Welpen út Chicago"). Datselde jiers waard foar de NL en de nije American League (AL), dêr't de White Sox yn spilen, in oerkoepeljende organisaasje oprjochte: Major League Baseball (MLB). Sûnt dy tiid kamen yn it neiseizoen de kampioenen fan 'e NL en de AL tsjininoar út yn 'e World Series.
Yn 1907 en 1908 wûnen de Cubs as earste team ea twa kear efterinoar de World Series. Hoewol't se fan 1909 oant en mei 1945 noch sân kear de kompetysje fan 'e NL winne soene, slagge it harren lykwols net om nochris de World Series te winnen. Fan 1916 ôf wie Wrigley Field it stadion fan 'e Cubs. By in wedstryd fan 'e World Series fan 1945 waard in William Sianis mei syn geit út Wrigley Field set om't de rest fan it publyk lêst hawwe soe fan 'e stank fan it bist. Dêrop sei Sianis wat, dat letter mei weromwurkjende krêft ynterpretearre is as in flok. Fans fan 'e Cubs wieten it oan dy Curse of the Billy Goat ("Bokkeflok") dat de Cubs nei 1945 71 jier lang de NL net mear wûnen. It team kaam sadwaande bekend te stean as de Lovable Losers ("Sympatike Ferliezers"). Pas yn 2016 slagge it de Cubs om it kampioenskip fan 'e NL te winnen fan 'e Los Angeles Dodgers. Dêrnei fersloegen se yn 'e World Series de Cleveland Indians, wêrmei't se in 'kampioenskipsdrûchte' fan in rekôrlingte fan 106 jier beëinigen.
Maskotte
bewurkje seksjeDe offisjele maskotte fan 'e Chicago Cubs is Clark, in bearewelp, dy't yn 2014 as sadanich ynfierd waard. Foartiid hie it team sûnt it begjin fan 'e 1900-er jierren al ferskate foarmen fan (nammeleaze) bearejongen as maskotte brûkt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|