World Series
De World Series (Ingelsk foar "Wrâldsearje") is it jierliks spile kampioenskip fan Major League Baseball (MLB), it Amerikaansk-Kanadeeske sportbûn op it mêd fan honkbal. Der dogge twa teams oan mei: de kampioen fan 'e National League (NL) en de kampioen fan 'e Amercan League (AL), de beide heechste kompetysjes fan MLB. De World Series bestiet út in rige fan sân wedstriden, dy't lykwols net allegear spile wurde as ien fan beide teams al earder fjouwer fan 'e wedstriden wûn hat en dêrtroch net mear ferslein wurde kin. It winnende team kriget in trofee dy't de Commissioner's Trophy neamd wurdt. De World Series wurdt spile yn 'e hjerst, yn it neiseizoen fan it Amerikaanske honkbalseizoen. Fanwegen de tiid fan it jier dat de World Series spile wurdt, sprekt men ek wol fan 'e Fall Classic ("Hjerstklassiker"). Sûnt 2017 hjit it evenemint fanwegen sponsorskipredens offisjeel de World Series presented by YouTube TV.
World Series | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
plak | wikselet | |
tiid fan it jier | hjerst | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (honkbal) | |
bestean | 1903 – no | |
org. troch | Major League Baseball (MLB) | |
offisjele webside | ||
www.worldseries.com |
Skiednis
bewurkje seksjeFoar 1903 bestiene der ferskate ûnôfhinklike faninoar operearjende honkbalkompetysjes yn 'e Feriene Steaten, dêr't de yn 1876 oprjochte National League (NL) de langstbesteande fan wie. De súksesfolste konkurrint fan 'e NL wie de American Association, dy't ûntstie yn 1882, en dy't yn 1892 yn 'e NL opgie. Fan 1884 oant 1890 waard der elts jier in kampioenskip organisearre wêryn't de kampioenen fan 'e NL en de American Association it tsjininoar opnamen. Dat kampioenskip kin beskôge wurde as de foarrinner fan 'e World Series.
Doe't yn 1901 de American League (AL) oprjochte waard, feroarsake dat yn it Amerikaanske honkbal sa'n trelit dat dúdlik waard dat der ferlet wie fan in oerkoepeljende autoriteit. Dy waard yn 1903 oprjochte yn 'e foarm fan Major League Baseball (MLB), dêr't de NL en de AL allebeide ûnderdiel fan waarden. Dat jiers waard de earste World Series spile tusken de kampioenen fan dy beide kompetysjes. Der wurdt wol sein dat de namme fan it evenemint ôflaat is fan 'e krante de New York World, mar dy opfetting is omstriden. Yn 1904 wie der gjin World Series om't de New York Giants (no de San Francisco Giants), dy't de NL wûn hiene, wegeren om it tsjin de kampioen fan 'e AL, de Boston Americans (no de Boston Red Sox) op te nimmen.
Yn 1919 kaam by it saneamde Black Sox-skandaal in besykjen oan it ljocht om troch gokken yn kombinaasje mei matchfixing jild te fertsjinjen oan 'e World Series fan dat jier. Acht spilers fan 'e Chicago White Sox waarden derfan beskuldige dat se it kampioenskip tsjin 'e Cincinnati Reds mei opsetsin ferlern hiene. Hoewol't se foar de rjochtbank dêrfoar omreden fan gebrek oan bewiis frijsprutsen waarden, waarden se troch de nij oanstelde Commissioner of Baseball foar it libben út 'e sport set. Fan 1947 oant 1964 waard de World Series dominearre troch teams út New York.
Fan 1903 ôf waard yn 'e NL en de AL it team mei de bêste seizoensscore ta winner útroppen, om dêrnei troch te streamen nei de World Series. Yn 1969 stelden de beide kompetysjes lykwols in eigen kampioenskip yn, de NLCS, resp. de ALCS. Yn 1995 stelden de trije difyzjes fan 'e NL en de AL elts ek in kampioenskip yn, de NLDS, resp. de ALDS. Fierders bestiene sawol de NL as de AL oarspronklik inkeld út teams yn 'e eastlike Feriene Steaten, mei as westlikste de St. Louis Cardinals yn St. Louis. Yn 1958 ferhuzen de earste klubs fan 'e eastkust nei de westkust fan 'e Feriene Steaten, sadat dielname oer it hiele lân ferspraat rekke.
Yn 1987 waard de World Series foar it lêst oerdei spile; troch bettere ferljochting wie it doe mooglik om jûns te spyljen, wat finansjeel geunstiger wie foar de ynkomsten op it mêd fan sponsoring, om't jûns mear minsken de wedstriden live op 'e tillefyzje folgje koene. Yn 1989 fûn de swiere ierdbeving fan Loma Prieta plak ûnder ien fan 'e wedstriden fan 'e World Series, dy't dat jier spile waard tusken de San Francisco Giants en de Oakland Athletics. Miljoenen honkbalfans wiene dêr live tsjûge fan. Yn 1992 waard in diel fan 'e World Series foar it earst bûten de Feriene Steaten spile, doe't de Toronto Blue Jays út it Kanadeeske Toronto it opnamen tsjin 'e Atlanta Braves út Atlanta.
Yn 1994 gie de World Series oer fanwegen de MLB-staking (1994-1995) troch de honkbalspilers. Yn 2001 einige de World Series foar it earst pas yn novimber, wat feroarsake wie troch de fertraging fan in wike yn it reguliere honkbalseizoen troch de terroristyske oanslaggen fan 9/11. Yn 2016 beëinigen de Chicago Cubs in perioade fan 108 jier wêryn't se gjin World Series winne koene (sabeare troch de Curse of the Billy Goat), mei in oerwinning op 'e Cleveland Indians. Anno 2019 wie de World Series 115 kear spile, wêrfan't de kampioen fan 'e AL 66 kear wûn hie en de kampioen fan 'e NL 49 kear.
Winners
bewurkje seksjeSjoch foar in folsleine en by de tiid holden list fan 'e winnende teams fan 'e World Series op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.
|