Hosni Mûbarak
Hosni Mûbarak (folút: Mohammed Hosni Saïd Mûbarak, Arabysk: محمد حسني سيد مبارك, sekuere transliteraasje: Muḥammad Ḥusnī Sa‘īd Mubārak; útspr.: [mu'ħam:ad 'ħusni: sa'ʕi:d mu'ba:rak], likernôch: "mû-hammad hûs-nii sa-iid mû-baa-rak"; Kafr el Meselha, 4 maaie 1928 – Kaïro, 25 febrewaris 2020) wie fan 1981 oant 2011 de fjirde presidint fan Egypte. Hy sette syn karriêre útein as gefjochtspiloat by de Egyptyske Loftmacht, wêrfan't er fan 1972 oant 1975 kommandant wie. Yn 1975 klom er op ta fise-presidint, en nei de moard op Anwar Sadat naam er yn 1981 de macht yn Egypte oer. Mûbarak regearre as in diktator en dulde net folle opposysje. De ferkiezings dy't er ûnder druk fan 'e Westerske wrâld organisearre, wiene skynfoarstellings dy't neat mei demokrasy te krijen hiene.
Mûbarak bleau úteinlik tritich jier oan 'e macht, en wie dêrmei de langst regearjende Egyptyske hearsker sûnt de Osmaanske ûnderkening Mohammed Ali, dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw 43 jier regearre. Massale demonstraasjes yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd laten begjin 2011 ta de Egyptyske Revolúsje, wêrby't Mûbarak ôfset waard. Neitiid waard er yn 2012 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele foar de willensmoedse moard op withoefolle freedsume demonstranten. Nei't de prille demokrasy yn Egypte ûnder fuotten helle wie en der in nije militêre diktatuer ynsteld wie ûnder maarskalk Abdel Fatta al-Sisi, waard de feroardieling fan Mûbarak yn 2015 weromdraaid, wêrnei't er yn 2017 frijkaam. Nei syn ferstjerren yn 2020 krige er in militêre begraffenis.
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en karriêre yn 'e loftmacht
bewurkje seksjeMûbarak waard yn 1928 berne yn Kafr el Meselha, in plak yn it Egyptyske gûvernemint Monûfia. Nei de middelbere skoalle learde er fierder oan 'e militêre akademy, mar yn febrewaris 1949 stapte er oer nei de Egyptyske Loftmachtakademy. Hy behelle dêr syn fleanbrevet, ûntfong in bachelortitel yn loftfeartwittenskippen, en waard yn maart 1950 as fleander-ofsier opnommen yn 'e Egyptyske Loftmacht. As ofsier tsjinne Mûbarak by ferskate ienheden. Sa wied er twa jier lang piloat by in squadron dat mei Spitfires fleach, en mids 1950-er jierren kearde er werom nei de Loftmachtakademy, dêr't er oant 1959 as ynstrukteur wurke.
Fan febrewaris 1959 oant juny 1961 folge Mûbarak fierdere training yn 'e Sovjet-Uny, dêr't er learde oan in fleanskoalle yn Moskou en oan in oarenien op 'e Loftbasis Kant by Bisjkek (doe Frûnze), yn wat no Kirgyzje is. Hy learde dêr te fleanen yn strielbommesmiters fan 'e types Iljûsjin Il-28 en Tûpolev Tû-16. Yn 1964 wûn Mûbarak in plak oan 'e Frûnze Militêre Akademy yn Moskou.
Nei't er yn 1965 weromkeard wie yn Egypte, tsjinne Mûbarak earst as luitenant-kolonel mei ferskate squadrons gefjochtsfleantugen ûnder syn befel, en letter, yn oktober 1966, as kommandant fan 'e Loftmachtbasis Kaïro West. Ek wied er koarte tiid kommandant fan 'e Loftmachtbasis Beni Sûef. Yn novimber 1967 waard er oansteld as direkteur fan 'e Egyptyske Loftmachtakademy. Yn dy funksje wist er it tal Egyptyske loftmachtpiloaten binnen inkele jierren te ferdûbeljen as ûnderdiel fan 'e tarieding op 'e Jom Kippoeroarloch. Yn juny 1969 waard Mûbarak stêfsjef fan 'e Egyptyske Loftmacht, en yn april 1972 waard er promovearre ta kommandant fan 'e loftmacht en ûnderminister fan Definsje.
Op 6 oktober 1973, by it útbrekken fan 'e Jom Kippoeroarloch tusken Egypte en Syrje oan 'e iene kant en Israel oan 'e oare kant, fierde de Egyptyske Loftmacht in ferrassingsoanfal út op 'e Israelyske troepen dy't sûnt de Seisdeiske Oarloch fan 1967 de eastigge fan it Suëzkanaal beset holden. Dêrby rekken de Egyptyske piloaten 90% fan harren doelen, wat fan Mûbarak in nasjonale held makke. Hoewol't Egypte en Syrje de oarloch úteinlik ferlearen, waard Mûbarak foar syn oandiel yn 'e striid yn 1974 befoardere ta loftmaarskalk.
Mûbarak syn rol yn 'e oarloch waard letter lykwols yn twifel lutsen troch Sjachdan el-Sjazli, de dochter fan Saäd el-Sjazli, dy't ûnder de Jom Kippoeroarloch sjef fan 'e Generale Stêf fan 'e Egyptyske Striidkrêften wie. Neffens har oerdreau Mûbarak syn eigen rol yn 'e oarloch, en yn in fraachpetear mei de krante Al-Masry Al-Ajûm, op 26 febrewaris 2011, hold se út dat er letter sels dokuminten ferfalskje litten hie om 'e eare op te striken fan 'e iere Egyptyske oerwinnings yn 'e oarloch. Dêrby soe de namme fan har heit troch Mûbarak syn eigen namme ferfongen wêze. Ek soene neffens har offisjele foto's út dy tiid mei digitale fotobewurkingstechniken oanpast wêze om it byltenis fan har heit te wiskjen en yn it plak dêrfan Mûbarak sels yn 'e foto op te nimmen.
Politike karriêre
bewurkje seksjeIere jierren
bewurkje seksjeOp basis fan 'e reputaasje dy't er yn 'e Jom Kippoeroarloch wûn hie, stelde de Egyptyske presidint Anwar Sadat Mûbarak yn april 1975 oan ta fise-presidint. Yn dy hoedanichheid wie Mûbarak belutsen by it oerlis fan 'e leden fan it Egyptyske regear oer de takomstige oplossing fan 'e oarlochssitewaasje mei Israel. Yn septimber 1975 gied er op misje nei Ar-Riaad en Damaskus om 'e regearings fan Saûdy-Araabje en Syrje oer te heljen en gean akkoart mei de oerienkomst mei Israel (Sinaï II) dy't úteinlik ta frede liede moast. Hy wist in duorjende freonskip te sluten mei de machtige Saûdyske kroanprins Fachd (mei wa't Sadat net troch ien doar koe), mar yn Damaskus waard him in moeting mei de Syryske presidint Hafez al-Assad wegere.
Yn deselde snuorje wist Mûbarak ek goede relaasjes te smeien mei oare lieders yn 'e Arabyske wrâld, ûnder wa sultan Kabûs fan Omaan, kening Hassan II fan Marokko en presidint Djaafar Nimeiry fan Sûdaan. Sadat furdige Mûbarak ek ôf nei withoefolle topmoetings mei lieders fan bûten de Arabyske wrâld, en hy droech syn presidinsjele macht sels oan Mûbarak oer as er sels mei fakânsje gie. Dat woe net sizze dat Sadat en Mûbarak it oeral oer iens wiene. Mûbarak stipe wol Sadat syn krewearjen om it troch Israel besette Sinaï-skiereilân wer ûnder Egyptysk bewâld werom te bringen, mar hy wie in tsjinstanner fan 'e Camp David-akkoarten dy't Sadat yn 1978 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter mei de Israelyske premier Menachem Begin sleat. Troch dat ferdrach mocht dan wol de Israelyske besetting fan it Sinaï-skiereilân opheft wurde, mar der waard yn foarbygien oan hast alle oare aspekten fan it Arabysk-Israelyske konflikt.
Ynswarring as presidint
bewurkje seksjeOp 12 oktober 1981 waard Anwar Sadat fermoarde by in oanslach troch Egyptyske soldaten ûnder oanfiering fan luitenant Chalid Islaambûli. De oanslach fûn plak ûnder in militêre parade, dêr't Mûbarak ek by oanwêzich wie. Hy rekke lichtferwûne. Nei de dea fan Sadat waard Sûfi Abû Taleb waarnimmend presidint, oant Mûbarak nei in presidinsjeel referindum foar him yn 't plak beneamd waard as de fjirde presidint fan Egypte. As syn fise-presidint stelde er Omar Sûleiman oan.
Weropname fan Egypte yn 'e Arabyske Liga
bewurkje seksjeUnder it regear fan Anwar Sadat wie Egypte yn 1979 skorst as lid fan 'e Arabyske Liga, om't it de Arabyske saak ferret hawwe soe troch de Camp David-akkoarten mei aartsfijân Israel te sluten. Egypte wie it earste lân dat sa troch de Liga teplak set waard, en ek it iennichste oant Lybje oan it begjin fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch yn 2011 itselde oerkaam. Sadree't Mûbarak, fan wa't bekend wie dat hy gjin foarstanner fan it ferdrach mei Israel west hie, presidint waard, wie syn wichtichste politike doel om syn lân wer yn 'e Arabyske Liga opnommen te krijen. Dêrta hied er yn juny 1982 in moeting mei kening Fachd fan Saûdy-Araabje, dy't it begjin markearre fan in stadich opbetterjende relaasje tusken Egypte en Saûdy-Araabje. Mei't Egypte it Arabyske lân mei de grutste befolking en de grutste kulturele ynfloed wie, en Saûdy-Araabje it rykste, wie de as tusken Kaïro en Ar-Riaad in wichtich bûnsgenoatskip yn 'e Arabyske wrâld.
In bykommende faktor dy't de weropname fan Egypte yn 'e Arabyske Liga makliker makke, wie de druk dy't Iraan sûnt de Islamityske Revolúsje fan 1979 op 'e oanbuorjende Arabyske steaten lykas Irak, Koeweit, Saûdy-Araabje, Bachrein, Katar en de Feriene Arabyske Emiraten útoefene. It Iraanske regear fan grut-ajatolla Chomeini liet him derop foarstean de lieder fan 'e islamityske wrâld te wêzen, en ûndernaam iepentlik stappen om regearings yn it Midden-Easten dy't as 'ûn-islamitysk' beskôge waarden, ûnder fuotten te heljen. Foar de rike en dêrtroch ynfloedrike Arabyske Golfsteaten wie it Israelysk-Palestynske konflikt fan minder belang as it beheinen fan 'e macht fan Iraan. Mûbarak krewearre ûnderwilens ek foar de fermoedsoening fan Egypte mei oare Arabyske lannen. Sa stipe er Irak ûnder de Iraansk-Iraakse Oarloch fan 1980-1988 troch in miljoen Egyptyske gastarbeiders nei Irak te stjoeren dy't dêr de ekonomy draaiende holden wylst de measte Iraakske manlju as soldaten oan it front fochten. En yn desimber 1983 ferwolkomme er Jasser Arafat, de foaroanman fan 'e PLO, yn Kaïro, wat it begjin wie fan in neieroankommen mei de Palestinen.
In ynsidint dat fan grutte ynfloed wie op it oansjen fan Egypte yn 'e Arabyske wrâld foel foar doe't yn oktober 1985 in fleantúch fan loftfeartmaatskippij EgyptAir troch strieljagers fan 'e Amerikaanske Loftmacht ûnder bedriging mei delsjitten twongen waard om yn Itaalje te lânjen. It ferkearsfleantúch hie de dieders oan board fan 'e kaping fan 'e Achille Lauro, wêrby't de 69-jierrige ynfalide Joadske Amerikaan Leon Klinghoffer fermoarde wie. De ôfspraak hie west dat de kapers yn ruil foar de frijlitting fan 'e gizelders nei Tuneezje ôfreizgje mochten, mar de Feriene Steaten kamen dêr neitiid op werom. It ynsidint soarge foar izige relaasjes tusken Egypte en de Feriene Steaten, en Mûbarak liet witte dat er him "kwetst" fielde. Al mei al hie Egypte tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren de sintrale posysje dy't it oant 1979 yn 'e Arabyske wrâld ynnommen hie, wer weromwûn. It lân waard yn 1989 wer as in folweardich lid yn 'e Arabyske Liga opnommen.
Binnenlânsk belied
bewurkje seksjeMûbarak soarge der yn 'e 1980-er jierren foar dat der mear betelbere húsfêsting en klean yn Egypte beskiber kaam, en ek dat de sûnenssoarch ferbettere waard. De oerheid bleau ûnder syn bewâld fierwei de grutste wurkjouwer fan it lân, mei 8 miljoen wurknimmers op in befolking fan 75 miljoen.
Tagelyk wreide Mûbarak ek de organisaasje en it foech út fan 'e Steatsfeilichheidsûndersykstsjinst (Mabahith Amn ad-Dâla), de Egyptyske geheime plysje, en itselde gou foar de Sintrale Feilichheidskrêften, de Egyptyske oproerplysje. Troch de hiele 1980-er, 1990-er en 2000-er jierren hinne wiene minskerjochteskeinings troch de Egyptyske plysje en oare oerheidstsjinsten neffens Amnesty International "stelselmjittich". Neffens in rapportaazje fan dy minskerjochte-organisaasje út 2007 wie it foar de Egyptyske feilichheidstsjinst rûtine om arrestanten yninoar te slaan en se te ûnderwerpen oan deadsbedrigings, elektryske skokken, lang oanholden ophinging oan 'e polzen en ankels yn ferwrongen lichemshâldings en seksueel misbrûk. Politike dissidinten en jonge aktivisten waarden sûnder berjochting finzenset. Ek waarden der yllegale, geheime finzenissen fêstige, dêr't opposanten fan Mûbarak syn rezjym yn weiwaarden.
Benammen om't er him tsjin it islamityske fûnemintalisme kearde, wie Mûbarak ûnder syn presidintskip it doelwyt fan (neffens in ûndersyk troch de BBC) seis feridele moardoanslaggen. Sa soe de Egyptyske Islamityske Djihaad yn juny 1995 in oanslach mei gifgas op Mûbarak útfiere wollen hawwe doe't er yn Etioopje te gast wie op in konferinsje fan 'e Organisaasje fan 'e Afrikaanske Ienheid. Ek soed er yn septimber 1999 in oanslach fan in mei in mês bewapene oanfaller yn Port Saïd oerlibbe hawwe.
Mûbarak waard yn 1987, 1993 en 1999 werkeazen ta presidint foar in nije termyn fan seis jier by 'ferkiezings' dy't dy namme eins net hawwe mochten om't hy de iennichste kandidaat wie. Syn wurkwize wie dêrby om himsels troch it parlemint, dat er folstâle hie mei jaknikkers, nominearje te litten ta kandidaat foar it presidintskip foar de Nasjonale Demokratyske Partij, en dy nominaasje dêrnei by in soarte fan skynreferindum befêstigje te litten troch it Egyptyske elektoraat. Under druk fan syn bûnsgenoaten yn 'e Westerske wrâld (benammen de Feriene Steaten) wie Mûbarak yn 2005 twongen om foar it earst mear kandidaten oan 'e ferkiezings meidwaan te litten. Om't er lykwols it hiele steatsapparaat, alle elektorale ynstânsjes ynbegrepen, folslein behearske, hoegde er net bot yn te sitten oer de útkomst, en by de ferkiezings op 7 septimber wûn er dan ek mei in romme mearderheid. Egyptyske minskerjochte-aktivisten en bûtenlânske waarnimmers setten it hiele ferkiezingsproses wei as in skynfertoaning. Mûbarak sels makke dat noch slimmer troch neitiid syn wichtichste rivaal, Ayman Noer, de lieder fan 'e El Gad Partij ("Partij fan Moarn"), oppakke te litten by in iepentlik blykjaan fan politike ûnderdrukking. Noer waard foar 'ferfalsking' feroardiele ta fiif jier twangarbeid.
Under it bewâld fan Mûbarak wie der yn 'e Egyptyske oerheid yn it algemien, mar yn it Ministearje fan Binnenlânske Saken yn it bysûnder, in dramatysk oanboazjen fan 'e korrupsje waar te nimmen. Der waarden withoefolle nije burokratyske regels, registraasjebetingsten en oare foarmen fan kontrôle ynfierd dy't de befolking ôfhinklik makke fan amtners en sa romte joegen foar mear korrupsje. Yn 2010 stie Egypte op it 98e plak fan in ranglist oangeande korrupsje yn 178 lannen. Mûbarak sels striek ûnder syn presidintskip ek moai wat op oan 'e sitewaasje dy't er sels skepen hie. Yn febrewaris 2011 rûsden saakkundigen syn persoanlik fermogen en dat fan syn neiste famylje op tusken de $40 en $70 miljard. Neffens de Britske krante The Guardian hie Mûbarak al at jild gearfandele troch in kombinaasje fan korrupsje, omkeaping en legitime hannelsaktiviteiten.
Relaasje mei Israel
bewurkje seksjeTsjin 'e tiid dat er presidint waard, wie Mûbarak ien fan 'e mar in pear oerbleaune hege funksjonarissen yn it regear fan Egypte dy't wegeren om Israel te besykjen en dy't net bepaald entûsjast foar de normalisearring fan 'e ynternasjonale betrekkings tusken Egypte en Israel oer stiene. Under syn bewâld ûntjoech der him in relaasje tusken de beide lannen dy't troch Israelyske sjoernalisten gauris omskreaun waard as in 'kâlde frede' (in wurdboarterij op kâlde oarloch). Ien fan 'e wichtichste Israelyske klachten wie dat Joaden ûnder it regear fan Mûbarak yn artikels, boeken en oare publikaasjes, offisjele oerheidsferklearrings, radio- en tillefyzjeprogramma's en cartoons op in sa min mooglik wize ôfskildere waarden. Dat brocht de Israelyske histoarikus Efraim Karsh der yn 2006 ta om Mûbarak te beskuldigjen fan it persoanlik oanhingjen fan antysemityske tinkbylden.
Yn 'e ynternasjonale polityk wie it de hope fan Mûbarak dat Amerikaanske druk Israel twinge soe om ta in fredesakkoart mei de Palestinen te kommen. Hy hold him oan 'e letter fan 'e Camp David-akkoarten út 1978, en spile út en troch gasthear foar ûnderhannelings tusken delegaasjes fan Israel en de Palestinen. Sa waard der yn oktober 2000 in needtop holden yn it baaiplak Sjarm el-Sjeich, oan 'e súdkust fan it Sinaï-skiereilân, dêr't behalven Mûbarak, premier Ehud Barak fan Israel en de Palestynske lieder Jasser Arafat ek kening Abdûlla II fan Jordaanje, de Amerikaanske presidint Bill Clinton, sekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes Kofi Annan en sekretaris-generaal fan 'e NATO Javier Solana by oanwêzich wiene.
Binnen de Arabyske Liga stipe Mûbarak plannen foar in duorjende frede yn it Midden-Easten, lykas it Arabysk Fredesinisjatyf, dat út 'e koker fan 'e Saûdys kaam en dat ein maart 2002 op 'e Top fan Beirût presintearre waard. Under de Libaneeske Oarloch fan 2006 feroardiele er de Israelyske oanfal op Libanon, mar utere er ek krityk op 'e sjiïtyske Hezbollah-milysje, dy't neffens him mei de besjittings fan Israelysk grûngebiet út it suden fan Libanon wei de Arabyske belangen skea tabrocht. Yn juny 2007 organisearre Mûbarak in nije topmoeting yn Sjarm el-Sjeich, dêr't er kening Adûlla fan Jordaanje, de Israelyske premier Ehud Olmert en de Palestynske presidint Machmûd Abbas foar útnûge. Op 19 juny 2008 gie der in ûnder bemiddeling fan Mûbarak ta stân kommen sjitferbod yn tusken Israel en de militante Palestynske organisaasje Hamas, dy't de Gazastripe behearske.
Golfoarloggen
bewurkje seksjeUnder de Earste Golfoarloch fan 1991, wêrby't in troch de Feriene Steaten oanfierde ynternasjonale koälysje in ein makke oan 'e Iraakske besetting fan Koeweit, wie it Egypte fan Mûbarak nei Saûdy-Araabje de wichtichste Arabyske bûnsgenoat fan 'e Amerikanen. Egyptyske ynfantery-ienheden wiene yn 1990 guon fan 'e earste alliëarde legerûnderdielen dy't yn Saûdy-Araabje oan lân giene om in fierdere agresje fan Irak tsjin te kearen. Egyptyske troepen namen yn 1991 ek diel oan 'e eigentlike striid tsjin it Iraakske leger, wêrmei't Mûbarak de sintrale posysje fan syn lân yn 'e Arabyske wrâld konsolidearre. Dielname oan 'e Earste Golfoarloch brocht it lân dêrnjonken ek oansjenlike finansjele foardielen, mei't de Arabyske Golfsteaten, de Feriene Steaten en de Jeropeeske leden fan 'e NATO nei ôfrin fan 'e oarloch Egyptyske skulden kwytskelden ter wearde fan $20 miljard.
Doe't yn 2003 de Twadde Golfoarloch útbriek mei de Amerikaanske ynvaazje fan Irak, makke Mûbarak dúdlik dat er de Feriene Steaten diskear net stipe. Hy fûn dat it Israelysk-Palestynske konflikt earst oplost wurde moatten hie. Ek riddenearre er dat de oarloch "hûndert Bin Ladens" skeppe soe. Nei't de Amerikanen harren sin trochset hiene, wie Mûbarak lykwols tsjin in direkte weromlûking fan alle Amerikaanske troepen út Irak, om't er bang wie dat soks ta gaos liede soe.
Revolúsje en ôfsetting
bewurkje seksjeNei't yn jannewaris 2011 yn Tuneezje de Arabyske Maitiid útbrutsen wie, in rige folksprotesten tsjin diktatuer en foar demokratisearring dy't as in floedweach oer de hiele Arabyske wrâld spielde, begûnen der om 25 jannewaris hinne ek yn Egypte massale demonstraasjes te kommen. Dy wiene konsintrearre op it Tachrir-plein yn Kaïro en blieken letter it begjin fan 'e Egyptyske Revolúsje te wêzen. Op 1 febrewaris wie de druk op Mûbarak al sa heech oprûn dat er bekendmakke dat er him net mear ferkiesber stelle soe foar de presidintsferkiezings fan septimber dat jier. Ek ûnthiet er grûnwetlike herfoarmings. Dêrmei koed er de demonstranten lykwols net tefredenstelle, mei't dy woene dat er fuortendaliks opstappe soe as presidint.
Doe't de demonstraasjes oanholden, fûnen der op 2 febrewaris gewelddiedige botsings plak tusken de demonstranten en oanhingers fan Mûbarak. Ek de oproerplysje griep ferskate kearen hurd yn, wêrby't 846 deaden ûnder de demonstranten foelen. Op 10 febrewaris sei Mûbarak yn in taspraak dat er, oars as dat de geroften it hawwe woene, net ôftrede soe oant de ferkiezings fan septimber, hoewol't er guon fan ferantwurdlikheden oerdrage soe oan syn fise-presidint Omar Sûleiman. De deis dêrop makke Sûleiman bekend dat Mûbarak ôftreden wie en dat de macht yn it lân foarearst oan 'e Egyptyske Striidkrêften oerdroegen wie. Dat berjocht soarge foar in folksfeest yn 'e strjitten fan ferskate Egyptyske stêden.
Nei syn ôftreden, dat nei alle gedachten ta stân kaam ûnder druk fan 'e striidkrêften, ferskynde Mûbarak net wer yn 'e media. Usein syn famylje en in lyts groepke assistinten wegere er mei wa dan ek te praten. Pas op 11 maaie 2013 joech er syn earste fraachpetear nei syn ôftreden oan 'e krante El-Watan, wêryn't er sei: "De skiednis sil oer my oardielje, en ik bin der wis fan dat de kommende generaasjes in geunstich byld fan my hawwe sille."
Finzenskip en berjochting
bewurkje seksjeOp 28 febrewaris 2011 waard troch it Egyptyske Iepenbier Ministearje in útreisferbod tsjin Mûbarak en syn famylje útfeardige. Hy waard mei syn neiste famyljeleden ûnder hûsarrest pleatst yn syn bûtenhûs yn Sjarm el-Sjeich. Op 13 april waarden Mûbarak en syn soannen Alaä en Gamal foar fyftjin dagen finzenset en ûnderfrege oer beskuldigings fan machtsmisbrûk en korrupsje. Op 24 maaie 2011 waard bekendmakke dat Mûbarak terjochtstean soe foar willensmoedse moard op 846 freedsume demonstranten ûnder de Egyptyske Revolúsje earder dat jier, en dat er, as er feroardiele waard, de deastraf krije koe. Fjouwer dagen letter, op 28 maaie, waard Mûbarak troch in Egyptyske rjochtbank skuldich ferklearre oan 'e earste oanklacht tsjin him, ntl. dat er de Egyptyske ekonomy skea tabrocht hie trochdat er ûnder de revolúsje de tagong ta it ynternet en ta mobile tillefoantsjinsten ôfslute litten hie. Der waard him in boete oplein fan 200 miljoen Egyptyske pûnen (likernôch $33,6 miljoen), dêr't er út syn persoanlik fermogen oan foldwaan moast.
De rjochtsaak foar moard op 'e demonstranten tsjin Mûbarak, syn soannen Alaä en Gamal, de eardere minister fan Binnenlânske Saken Habib el-Adly en seis eardere hege plysjefunksjonarissen sette op 3 augustus 2011 útein. De earste sitting waard live op 'e Egyptyske tillefyzje útstjoerd. Mûbarak, dy't sûnt syn ôftreden slim yn 'e minnichte rekke wêze soe, waard yn in sikehûsbêd de rjochtseal ynriden en dêr yn in koai finzenset. Hy sei ûnskuldich te wêzen. Uteinlik duorre de rjochtsaak oant yn jannewaris 2012. De strategy fan 'e abbekaten fan Mûbarak wie om út te hâlden dat it ôftreden fan Mûbarak ôftwongen wie, wat it foar de wet neatich makke. Dat soe betsjutte dat er noch altyd de wettige presidint fan Egypte wie, en dat er dêrom ymmuniteit hie tsjin rjochtsferfolging. Op 2 juny 2012 die it gerjochtshôf útspraak: Mûbarak waard skuldich ferklearre oan it net tsjinhâlden fan 'e moard op demonstranten troch Egyptyske feilichheidstroepen, en dêrfoar waard er feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Alle oare oanklachten tsjin him, wêrûnder dy foar korrupsje en fraude, waarden nei de foddekoer ferwiisd, wylst syn beide soannen, Habib el-Adly en de seis plysjefunksjonarissen hielendal frijsprutsen waarden omreden fan gebrek oan bewiis. Tûzenen demonstranten kamen gear op it Tachrir-plein en oare plakken yn Egyptyske stêden om tsjin dy útspraak te protestearjen.
Yn jannewaris 2013 waard de feroardieling fan Mûbarak ta libbenslang yn heger berop ferneatige. Ek waard beslist dat de rjochtsaak tsjin him oerdien wurde moast. Mûbarak bleau yn finzenskip en kearde op 11 maaie 2013 werom nei de rjochtseal foar de nije rjochtsaak oer de moard op 'e demonstranten. Op 21 augustus fan dat jier waard er op fersyk fan syn abbekaat op boarchtocht frijlitten en ûnder hûsarrest pleatst. Wylst de nije rjochtsaak noch geande wie, waarden Mûbarak en syn beide soannen op 21 maaie 2014 feroardiele foar it fertsjustermoanjen fan oerheidsjild ter wearde fan $17,6 miljoen. Se waarden elts feroardiele ta trije jier finzenisstraf en moasten ek it stellen jild werombetelje mei dêroerhinne noch in boete fan $2,9 miljoen.
Yn novimber 2014 waard de oanklacht foar moard tsjin Mûbarak omreden fan in foarmflater troch it gerjochtshôf fan Kaïro ôfwiisd. Ek de oanklachten foar korrupsje waard er op 'e nij fan frijsprutsen. Op 13 jannewaris 2015 waard boppedat troch it Hof fan Kassaasje de feroardieling ferneatige foar it fertsjustermoanjen fan oerheidsjild troch him en syn soannen. It oerdwaan fan dy rjochtsaak late ta yn maaie 2015 ta de útspraak fan trije jier finzenisstraf foar Mûbarak en fjouwer foar syn beide soannen. Om't se tsjin dy tiid al sa lang fêstsieten, hiene se dy straffen eins al útsitten. Ek de werombetelling fan fertsjustermoanne jild en de boete dy't harren oplein waard, feroare neat om't dat jild al nei de foargeande rjochtsaak betelle wie. Op 2 maart 2017 waard Mûbarak troch it Hof fan Kassaasje definityf frijsprutsen fan ferantwurdikens foar de dea fan protestanten ûnder de Egyptyske Revolúsje fan 2011. Hy waard dêrnei frijlitten op 24 maart fan dat jier.
Sûnensswierrichheden
bewurkje seksjeDe earste berjochten oer de sûnensswierrichheden fan 'e doe 82-jierrige Mûbarak ferskynden yn july 2010 yn 'e Egyptyske media. Der waard oer spekulearre oft er sloktermkanker, maachkanker of alfleisklierkanker hie, wat allegear troch de Egyptyske autoriteiten mei klam tsjinsprutsen waard. Nei syn ôfsetting rekke Mûbarak fierder yn 'e minnichte. Neffens de berjochten hied er lêst fan depressiviteit, wegere er syn medisinen yn te nimmen en wied er dan wer helder en dan wer net. Op 12 april 2011 waard bekendmakke dat er yn it sikehûs opnommen wie nei't er ûnder in ûnderfreging oer korrupsje in hertoanfal krigen hie.
Syn abbekaat, Farid el-Diib, joech yn juny 2011 ta dat Mûbarak maachkanker hie en ek litte oan in ûnregelmjittige hertslach. Yn july 2011 soed er tydlik yn koma rekke wêze. Der wiene berjochten oer in nije hertoanfal doe't er op 2 juny 2012 nei de rjochtseal oerbrocht waard. Op 27 desimber 2012 waard Mûbarak út it tichthûs nei in militêr hospitaal brocht nei't er delknoffele wie en ien fan syn ribben brutsen hie. Op 19 juny 2014 glied er út yn 'e badkeamer fan it militêr hospitaal yn Kaïro, dêr't der doe fêstholden waard, en briek er syn lofterboppeskonk. Hy moast in operaasje ûndergean om 'e bonke wer rjocht te krijen.
Priveelibben
bewurkje seksjeMûbarak troude yn 1959 mei Suzanne Tabet. Harren houlik duorre oant syn dea yn 2020. Mei syn frou hie Mûbarak twa soannen krigen, Alaä en Gamal. Fia Alaä en dy syn frou Heidi Rasech hied er fierders twa manlike pakesizzers, Mohammed en Omar, en fia Gamal en syn frou Chadiga Gamal in froulike pakesizzer, Farida. Mohammed stoar yn 2009 oan in harsensblieding.
Ferstjerren
bewurkje seksjeHosni Mûbarak kaam op 25 febrewaris 2020 yn 'e âlderdom fan 91 jier te ferstjerren yn in militêr hospitaal yn 'e Egyptyske haadstêd Kaïro, dêr't er opnommen wie omreden fan syn oanboazjende sûnensswierrichheden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|