Machmûd Abbas (Arabysk: مَحْمُود عَبَّاس, Maḥmūd ʿAbbās; Safed, 15 novimber 1935), ek bekend as Abu Mazen (Arabysk: أَبُو مَازِن, ʾAbū Māzin), is sûnt 8 maaie 2005 de presidint fan de Steat Palestina en sûnt 15 jannewaris 2005 presidint fan de Palestynske Autoriteit (PA). Hy is sûnt 11 novimber 2004 de foarsitter fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO). Abbas is in lid fan de Fatah-partij en waard yn 2009 as foarsitter dêrfan keazen.

Machmûd Abbas
Abu Mazen
مَحْمُود عَبَّاس
أَبُو مَازِن
politikus
Machmûd Abbas (2021)
Machmûd Abbas (2021)
nasjonaliteit Palestina
bertedatum 15 novimber 1935
berteplak Safed, Mandaatgebiet Palestina
etnisiteit Palestina
partij Fatah
Presidint fan de Palestynske Autoriteit
regear premiers:
Ahmed Qurei
Nabil Shaath (waarnimmend)
Ahmed Qurei
Ismail Haniyeh
Salam Fayyad
Rami Hamdallah
Mohammad Shtayyeh
amtsperioade 15 jannewaris 2005 - no
foargonger Rawhi Fattûh (ynterim)
Presidint fan de Steat Palestina
amtsperioade 8 maaie 2005 - no
foargonger Jasser Arafat
Foarsitter fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje
amtsperioade 29 oktober 2004
foargonger Jasser Arafat
Premier fan de Palestynske Autoriteit
regear 19 maart 2003 - 6 septimber 2003
amtsperioade presidint: Jasser Arafat
foargonger gjint
opfolger Ahmed Qurei

Libbensrin Bewurkje

Jonkheid Bewurkje

Machmûd Abbas waard op 15 novimber 1935 berne yn Safed, yn de regio Galileä yn it Mandaatgebiet Palestina, hjoed-de-dei Israel. Syn famylje flechte yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 nei Syrje. Op de Universiteit fan Damaskus studearre er rjochten. Dêrnei ferfear er nei Egypte.

Letter studearre er oan de Patrice Lumumba-Universiteit yn Moskou dêr't er de titel kandidat naûk, de Sovjet-ekwifalint fan de titel doctor, bemachtige. Syn proefskrift wie "De oare kant: de temûke relaasje tusken nazisme en sionisme".

Karriêre Bewurkje

Yn de mid 1950-er jierren rekke Abbas belutsen by it Paleestynsk ferset en kaam yn kontaky mei in tal Palestinen om utens yn Katar. Yn 1961 waard er lid fan de Fatah-beweging, dy't yn 1959 troch Jasser Arafat en fiif oare Palestinen yn Kûweit oprjochte waard. Arafat besocht rike Palestinen yn Kûweit, Katar en oare Arabyske Golfsteaten dêr by te belûken.

Neffens Abu Daûd, dy't de terroristyske oanslaggen by de Olympyske Simmerspullen yn München yn 1972 organisearre hat, finansiere Abbas, sûnder syn witten, foar in part de oanslaggen dy't troch de terreurgroep Swarte Septimber útfierd waard. Abbas wie lykwols ien fan de earste leden fan Fatah dy't yn 1977 oprôp om yn petear te gean mei reedlike Israelys.

Abbas waard warber yn diplomatike relaasjes en hold neffens it revolúsjonêre belied fan de PLO in reedlike hâlding. Abbas wie de earste PLO-offisjele dy't Saûdy-Araabje besocht nei de Earste Golfoarloch yn 1993 om relaasjes mei de Golfsteaten op te helpen nei't dy troch de stipe fan de PLO oan Saddam Hûssein skeind rekken. By de Oslo-akkoarten wie Abbas dyjinge dy't foar de PLO op 13 septimber 1993 "Oslo I" ûndertekene.

Yn 1995 ûnderhannele er mei de Israelyske ûnderhanneler Jossi Beilin oer de Beilin-Abu Mazen-akkoart, dy't as in grûnwurk foar in takomstige Israelysk-Palestynske fredesûnderhanneling foarme.

Yn septimber 2016 kaam boppe wetter dat Abbas foar de KGB wurke hawwe soe, mooglik al yn 1985 yn Damaskus, dêr't er as agint "Krotov" registrearre stie. Palestynske offisjelen anderen dêrop dat yn dy snuorje de PLO nau mei Moskou gearwurke en dat Abbas harren kontaktman wie foar de Sovjet-Palestynske freonskipsbân.

Premier Bewurkje

 
Machmûd Abbas mei Ariel Sharon en George W. Bush op de Reade See-top yn Aqaba yn Jordaanje op 4 juny 2003

Yn begjin 2003 wegeren Israel en de Feriene Steaten fierder te ûnderhanneljen mei Arafat en doe waard Abbas neamd as in mooglike kandidaat foar it liederskip dy't beide lannen yn gedachten hiene. Abbas as ien fan de lêste oprjochtsjende leden fan Fatah waard troch it Westen en guon Palestynske wetjouwers sjoen as in pragmatyske en ta ûnderhannelings reeë Palestyn. Under dy druk beneamde Arafat op 19 maart 2003 him as premier fan de Palestynske Autoriteit.

Dêrnei ûnderhannele Abbas mei de Israelyske premier Ariel Sharon ûnder bemiddeljen fan de Amerikaanske presidint George W. Bush oer de Dikekaart nei frede (Roadmap to Peace)

Al rillegau ûntstie der in machtskeel tusken Arafat en Abbas. Abbas syn termyn as premier waard skaaimerke troch de ferskate skelen tusken him en Arafat oer de machtsferdieling. De Feriene Steaten en Israel beskuldigen Arafat dêrfan Abbas yn syn regear te ûndermynjen. Abbas joech oan dat er opstappe soe as er net mear kontrôle oer syn kabinet krije soe. Yn ier septimber 2003 sprutse er it Palestynske parlemint ta oer dat probleem.

Ek krige Abbas spul mei Palestynske milysjegroepen lykas de Palestynske Islamityske Jihad en Hamas om't syn pragmatysk belied tsjin harren hurdere opstelling yn gie.

Presidintsferkiezings Bewurkje

Nei it ferstjerren fan Arafat waard Abbas, alteast troch Fatah, sjoen as syn natuerlike opfolger. Op 25 novimber 2004 waard er troch de revolúsjonêre Ried fan Fatah beneamd as de kandidaat dy't de foarkar hie foar de ferkiezings op 9 jannewaris 2005. Op 14 desimber rôp Abbas op ta it einigjen fan it geweld yn de Twadde Intifada en it weromkearen nei in freedsum ferset. Hy koe it lykwols net dien krije om Palestynske militanten de wapens del litte te lizzen.

Troch it arrestearjen en beheinen fan it frij bewegen fan oare kandidaten, Hamas syn boykotten fan de ferkiezings en dat syn kampanje 94% fan de ferkiezingstjoertiid omtinken krige op telefyzje, wie it winnen fan Abbas suver wis en op 9 jannewaris waard er trch 62% fan de stimmen keazen ta prsidint fan de Palestynske Autoriteit

Presidint Bewurkje

 
Abbas yn de Oval Office fan it Wite Hûs yn in moeting mei presidint Barack Obama op 28 maaie 2009
 
Abbas mei Benjamin Netanyahu, Hillary Clinton en George Marshall by in fredesmoeting yn El Sheikh, Egypte op 14 septimber 2010

Abbas waard op 15 jannewaris ynsward as presidint yn Ramallah yn it Westjordaanlân. Nei it ynswarren woe it geweld noch net hohâlde. Groepen lykas de Palestynske Islamityske Jihad, Hamas en de Al-Aqsa-martlersbrigade oefenen terreuroanslaggen yn Israel út dêr't ferskate Israelyske boargers by omkamen. Israelyske premier Sharon ferstelde ûnderhanelings mei Abbas en de PA.

Op 8 febrewaris 2005 moete Abbas fannijs mei Sharon om de Twadde Intifada te beëinigjen en befêstigen harren ynsetten. Sharon kaam oerien en lit 900 fan de 7.500 Palestynske finzenen frij en lûk werom út guon stêden yn it Westjordaanlân.

Op 25 jannewaris 2006 wiene der Palestynske parlemintsferkiezings, dy't Hamas mei in grutte mearderheid wûn. Abbas hie al oanjûn dat mei in ferlies fan Fatah hy himsels net wer ferkiesber stelle soe. Nettsjinsteande dat bleau er nei it ferstriken fan syn termyn op 15 jannewaris 2009 oan as presidint nei ynternasjonale sanksjes tsjin in bestjoer ûnder Hamas en út noed foar in militêr en polityk konflikt tusken Fatah en Hamas. Hy ferlinge syn termyn mei fjouwer jier, neffens in oare fertaling fan de grûnwet. Hamas bestride dat en seach de ferlinging fan Abbas syn oanbliuwen as ûnjildich en seach de foarsitter fan it parlemint Abdel Aziz Dûwaik, dy't yn sokke omstannichheden it presidintskip oernimme soe, as de wetlike opfolger.

Op 16 desimber 2009 hat de Palestynske sintrale Ried de ûnbeskate ferlinging fan Abbas syn termyn as presidint befêstige. Sûnt dy tiid is Abbas presidint fan de Palestynske kriten dy't ûnder de kontrôle fan Fatah bleaune. Yn april 2014 luts hamas syn ferset werom omreden in Ienheidsregear mei fatah foarmje te kinnen.

Abbas kundige op 22 april 2015 it opstappen as foarsitter fan de PLO oan. Yn 2021 waarden gemeenteriedsferkiezings holden yn in snuorje fan in nij skeel tusken Abbas en Hamas. Dat kaam omreden er foar in ûnbeskate skoft presidints- en parlemintsferkiezings útsteld hie.

Korrupsje Bewurkje

Fatah kaam by it bestean fan de Palestynske Autoriteit ûnder de befolking as korrupt bekend te stean. Dat gou foar arafat, dy't dêrfan beskuldige waard miljarden dollars fan Palestynsk jild fertjustere te hawwen, en Machmûd Abbas en syn famylje. Dat late mooglik ta de oerwinninng fan Hmas by de ferkiezings yn 2006. De persoanlike rykdom fan Abbas wurdt op 100 miljoen dollar rûsd en syn soannen Jasser en Tareq liede ferskate bedriuwen, dy't it monopoalje op distribúsje fan Amerikaanske sigaretten hat en miljoen dollar oan Amerikaansk helpjild krige foar it oanlizzen fan rioel yn Hebron. Nei de dea fan Arafat hat Abbas it Palestynsk Ynvestearringsfûns (PIF) en de Arab Palestinian Investment Company (APIC) ûnder syn kontrôle brocht. By de publikaasje fan d ePanama Papers bliek ek dat Tareq Abbas in fermogen yn Panama stean hie.

Priveelibben Bewurkje

Hy boaske Amina Abbas en hja hawwe trije soannen. De âldste soan, Mazen Abbas, behearde in boubedriuw yn Doha yn Katar en ferstoar dêre yn 2002 yn 'e âldens fan 42 jier oan in hertoanfal. De kunya fan Machmûd Abbas is Abu Mazen en betsjut "heit fan Mazen". Syn twadde soan Jasser Abbas is in Kanadeeske sakeman en waard neamd nei Jasser Arafat, de eardere presidint fan de PA. De jongste soan is Tareq, in sakepersoan. Abbas hat acht pakesizzers.

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mahmoud Abbas fan Wikimedia Commons.