Palestynske kriten

De Palestynske kriten of Palestynske gebieten (Arabysk: الأراضي الفلسطينية al-Arāḍī al-Filasṭīniyya) binne de twa kriten fan it Britske Mandaatgebiet Palestina dy't net part fan Israel binne, mar waarden yn 1967 nei de Seisdagekriich troch Israel beset. Dy twa kriten binne de Gazastripe en it Westjordaanlân mei East-Jeruzalim. De beide kriten wurde sûnt 2012 troch de Feriene Naasjes ferwiisd as de steat Palestina.

De besette Palestynske kriten en de Griene Line

NammeBewurkje

It Ynternasjonaal Gerjochtshôf (ICJ) ferwiisde yn 2004 nei it Westjordaanlân, mei East-Jeruzalim ynbegrepen, as "beset Palestynsk gebiet" en brûkte dy term ek yn wetlike teksten. De Feriene Naasjes en oare ynternasjonale organisaasjes brûkten dy term tusken oktober 1999 en desimber 2012 foar de gebieten dy't troch de Palestynske Autoriteit bestjoerd waarden. Nei 2012 doe't Palestina as "waarnimmersteat-net lid" oannommen waard, begûn de Feriene Naasjes de term "steat Palestina" te brûken. De Jeropeeske Uny brûkt ek de termen "besette Palestynske gebieten" of "Kriten/gebieten fan de Palestynske Autoriteit".

GeografyBewurkje

De Gazastripe is in smelle stripe lân oan de Middellânske Seekust yn it súdwesten fan it eardere mandaatgebiet en wurdt begrinzge troch Egypte en Israel. It Westjordaanlân is berchgea yn it easten en wurdt troch de rivier de Jordaan en de Deade See begrinzge mei Jordaanje en yn t noarden, westen en suden oan Israel.

SkiednisBewurkje

It gebiet fan Palestina hearde oant 1917 ta it Osmaanske Ryk, doe't it troch de Britten beset waarden. It Osmaanske Ryk hearde ta de ferliezers yn de Earste Wrâldkriich en de Alliearden, de oerwinners, ferparten grutte parten fan dat Ryk. De Britten rjochten yn 1920 it Mandaatgebiet Palestina op. Neffens de Balfour-ferklearring fan 1917 moast der in "nasjonaal thús foar de Joaden" komme. Yn 1921 waard Abdullah I as emir fan Transjordaanje ferklearre, dy't yn 1946 de ûnôfhinklikens útropte. Yn 1947 waard Resolúsje 181 fan de Feriene Naasjes oannommen dy't it Mandaatgebiet Palestina ferparte yn in Joadske steat en Arabyske Steat. Jeruzalim en omkriten soe in enklave wurde mei in ynternasjonaal bestjoer. De Arabieren fielden neat foar it opspjalten fan it gebiet en fersmieten it plan. Sionistyske Joaden ropten yn 1948 iensidich de ûnôfhinklikens fan Israel út. Dat late ta it útbrekken fan de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Dêrby besette Transjordaanje it Westjordaanlân en it easten fan Jeruzalim mei de Alde Stêd. Egypte besette de Gazastripe. Israel besette guon gebieten dy't ynearsten oan de Arabyske steat tawiisd waarden. Yn 1949 waard in wapenskoft sletten en waard it militêre front fan dat stuit as in demarkaasjeline, de Griene Line, fêststeld. Jeruzalim waard yn twaen spjalte.

Yn 1967 nei de Seisdagekriich besette Israel it Westjordaanlân en de Gazastripe en stelde in militêr bestjoer oan yn dy gebieten. Yn 1980 waard East-Jeruzalim]], neffens de Jeruzalimwet fan 1980 troch Israel anneksearre. Israel ferklearre dat Jeruzalim "folslein en feriene" as haadstêd fan Israel tsjinje soe. Dat waard net troch de ynternasjonale mienskip erkend, dy't East-Jeruzalim as part fan de Palestynske kriten sjocht. Israel sette ek útein mei it bouwen fan Israelyske delsettings yn de besette Palestynske kriten, itjinge ek as troch de ynternasjonale mienskip as yllegaal beskôge wurdt en dat boaze it Palestynsk-Israelysk konflikt allinnich mar oan.

 
Israelysk warskôgingsboerd dy't Israelyske boargers dêrfoar warskôget dat it yn Gebiet A binnenkommen ferbean en libbensgefaarlik is.

Yn 1988 ferklearre de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO), ûnder lieding fan Jasser Arafat, de Palestynske ûnôfhinklikens út. Jordaanje die doe ôfstân fan syn easken op it Westjordaanlân en East-Jeruzalim. Yn 1993 waarden de Oslo-akkoarten tekene troch Arafat en de Israelyske premier Yitzchak Rabin ûnder bemiddeljen fan de Amerikaanske presidint Bill Clinton. Dy akkoarten late ta it oerdragen fan parten fan de Palestynske kriten oan de Palestynske Autoriteit (Gebieten A en B). Israel bleau folle militêre en boargerlike kontrôle útoefenjen oer 61% fan it Westjordaanlân (Gebiet C). De Oslo-akkoarten makke tagong ta de see foar Gaza mooglik binnen 20 seemyl. Yn it ramt fan it Gaza-Israelysk konflikt waard dat ta 12 myl tebekbrocht. Yn oktober 2006 lei Israel in limyt fan 6 myl op en nei de Gazakriich fan 2008/2009 ta 3 myl. Dêrbûten is in ferbodsgebiet. Dat late ta dat yn 2015 mear as 3.000 Palestynske fiskers 85% fan de kustline, dy't yn 1995 oerienkaam wie, net brûke koene. Boppedat meie Palestinen it grutste part fan de Deade See ek net brûke.

Yn 2005 luts Israel him werom út de Gazastripe wei. Yn 2007 wûn terreurorganisaasje Hamas de ferkiezings yn de Gazastripe en naamit bestjoer dêr oer. Dat late ta it opspjalten fan it Palestynsk bestjoer. De partij Fatah fan Machmûd Abbas bestjoert noch hieltyd de parten fan it Westjordaanlân en wurdt ynternasjonaal erkend as de offisjele Palestynske Autoriteit. Yn 2009 beskôgen de Feriene Naasjes noch altyd dat de Palestynske kriten beset gebiet fan Israel wiene.

In soad lannen binne foar in ûnôfhinklike Palestynske steat. De ynternasjonale mienskip, wêrûnder de Feriene Naasjes, de Jeropeeske Uny en de Amerikaanske presidint Barack Obama trúnden yn 2012 oan op de grinzen, dus de Griene Line, fan foar 1967, fannijs as de skieding tusken Israel en de Palestinen yn te stellen. Israel bestriidt dat lykwols omreden de Joadske delsettings yn it Westjordaanlân en belûkt dy by Israel troch it bouwen fan de Israelyske barriêre dy't neffens harren sizzen Israel beskermet tsjin Palestynske terroristyske oanslaggen. Tsjinstanners dêrfan wize der op dat Israel ornearret de delsettings by Israel anneksearje te wollen. Premier Benjamin Netanyahu hat ferskate kearen oanjûn net foar in twa steate-oplossing te wêzen.

Op 29 novimber 2012 waard Palestina in "waarnimmende steat net lid" fan de Feriene Naasjes en waarden de Palestynske kriten ferwiisd as de "steat Palestina". De FN-Feiligensrie behannelet Palestina noch hieltyd net as in sûvereine ienheid, itjinge foarkomt dat Palestina folslein FN-lid wurdt. Sûnt de Palestynske ûnôfhinklikensferklearring fan 1988 hawwe 135 lannen de steat Palestina erkend, wylst it net troch Israel en de measte Westerske lannen, wêrûnder de Feriene Steaten en Nederlân, erkend wurdt.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.