Palestynske Autoriteit

De Palestynske Autoriteit as ek wol de Palestynske Nasjonale Autoriteit (PA of PNA; Arabysk: السلطة الوطنية الفلسطينية as-Sulṭa al-Waṭanīya al-Filasṭīnīya), is it bestjoer fan de Palestynske kriten. Sûnt jannewaris 2013 is de namme fan de Palestynske Autoriteit feroare ta Steat Palestina, alhoewol't de Feriene Naasjes noch hieltyd de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) as de "fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk" beskôget.

Palestynske Autoriteit
السلطة الفلسطينية الوطنية
as-Sulṭa al-Waṭanīya al-Filasṭīnīya
algemiene ynformaasje
ôfkoarting PA, PNA
nasjonaliteit Palestina
type org. regear
wurkmêd bestjoer
haadkertier Ramallah, Westjordaanlân
off. taal Arabysk
oprjochte 1994
aktyf yn Palestina
presidint Machmûd Abbas
premier Mohammad Shtayyeh
 
Bill Clinton, Yitzchak Rabin en Jasser Arafat nei it oerienkommen fan de Oslo-akkoarten yn 1993

De Palestynske Autoriteit waard yn 1994 as part fan de Oslo-akkoarten tusken de PLO en it regear fan Israel. Dat akkoart waard yn 1993 ûndertekene troch Jasser Arafat, foarsitter fan de PLO, en Yitzchak Rabin, premier fan Israel. De Palestynske Autoriteit waard ynearsten ornearre as in fiifjierrich ynterim-lichem. Fierdere ûnderhannelings tusken de twa partijen soene yn it lêste stadium plakfine. Neffens de Oslo-akkoarten soe de Palestynske Autoriteit de kontrôle oer boargerlike en feiligenssaken yn tichtbefolke Palestynske kriten (A-gebiet) en allinnich oer boargerlike saken, dus net oer militêre saken yn in part fan it Palestynske plattelân (B-gebiet). De oerbliuwende gebieten, mei alle Israelyske delsettings, de delling fan de Jordaan en rûnwegen tusken Palestynske mienskippen soene ûnder Israelyske kontrôle bliuwe (C-gebiet). East-Jeruzalim waard bûten beskôging litten by de akkoarten. Underhannelings mei it Israelyske regear late der ta dat de PA yn guon gebieten mear kontrôle krige, dochs yn guon oare gebieten waard kontrôle ferlern doe't de Israelyske feiligenskrêften (IDF) strategyske posysjes ynnaam yn de Twadde Intifada. Yn 2005 , nei de Twadde Intifada, luts Israel him iensidich werom fan de Gazastripe, dêr't de gânse stripe ûnder kontrôle fa de PA by kaam, wylst Israel de grinsposten, loftrom en de see by de kust fan de Gazastripe del de kontrôle oer hâlden bleau.

 
De A- en B-gebieten fan de Palestynske Autoriteit

Nei it oprjochtsjen waard Arafat beneamd as presidint fan de PA. Nei dy syn dea op 11 novimber 2004 waarden der op 9 jannewaris 2005 presidintsfekiezings holden en waard earder premier Machmûd Abbas as presidint keazen.

Yn de Palestynske parlemintsferkiezings op 25 jannewaris 2006 wûn Hamas de ferkiezings en stelde Ismail Haniyeh foar as premier fan de PA. Der ûntstie in grut nasjonaal konklikt, benammen yn de Gazastripe, tusken Hamas en Fatah en it Palestynske regear foel yninoar. Nei't de Gazastripe op 14 juny 2007 troch Hamas oernommen waard, wiisde de presidint fan de PA, Machmûd Abbas it regear dy't troch Hamas laat waard, ôf en beneamde Salam Fayyad as premier en joech er Ismail Haniyeh dien. Dy hanneling waard net troch Hamas erkend en doe ûntstie dêr twa ûnderskate bestjoeren: de PA dy't troch Fatah laat waard yn it Westjordaanlân en syn rivaal Hamas dy't it bestjoer oer de Gazastripe krige. Der waard besocht en bring de twa partijen wer byinoar, waard der op guon plakken foarútgong helle, mar om ta in feriene bestjoer is oant no ta noch mislearre.

De PA krige finansjeel help fan de Jeropeeske Uny en de Feriene Steaten mei yn 2005 in totaal bedrach fan likernôch 1 miljard Amerikaanske dollar. Alle help waard op 7 april 2006 skrast nei't Hamas de parlemintsferkiezings wûn hie. Al rillegau dêrnei waard de help ferfette, dochs waard streekrjocht nei it kantoar fan Machmûd Abbas yn it Westjordaanlân trochslûze. Sûnt 9 jannewaris 2009 doe't it presidintstermyn fan Abbas einigje soe en ferkiezings holden wurde moatte, hawwe Hamas-oanhingers en oaren yn de Gazastripe harren erkenning fan syn presidintskip ôfsein en Aziz Dweik, foarsitter fan de Palestynske Wetjouwende Ried nei foaren skood oant de folgjende ferkiezings holden wurde soene.

De steat Palestina wurdt troch 138 lannen erkend en sûnt novimber 2012 hawwe de Feriene Naasjes stimd en erken de steat Palestina as in waarnimmend net-lid. De PA is in autoritêr rezjym dy't yn fyfjin jier noch gjin ferkiezings hân hawwe en waard beskuldige fan skeining fan de minskerjochten, lykas it oanpakken fan sjoernalisten, minskerjochte-aktivisten en tsjinstanners fan harren bestjoer.

Sûnt jannewaris 2013 is de namme offisjeel de Steat Palestina, en alle diplomaten waarden hjitten dat se de steat Palestina fertsjintwurdigen, ynstee fan de Palestynske Autoriteit. De Feriene Naasjes hat ek besetten dat op offisjele dokuminten de namme "steat Palestina" ferskine soe.

Yn kêst 5 fan de grûnwet stiet dat de Palestynske Autoriteit in parlemintêre demokrasy is. De Palestynske Wetjouwende Ried is it parlemint fan de PA en bestiet út ien keamer mei 132 leden.

 
Machmûd Abbas, de presidint fan de Palestynske Autoriteit sûnt 2005, nei 2009 bestriden
 
Ramallah, de de facto haadstêd fan de Palestynske Autoriteit
Presidinte en premiers
Amt Namme Partij Termyn
Presidint Mahmûd Abbas Fatah 26 jannewaris 2005 – no
(nei 2009 bestriden)
Jasser Arafat Fatah 5 july 1994 – 11 novimber 2004
Premier Mohammad Shtayyeh Fatah 14 april 2019 – no
Rami Hamdallah Fatah 2 juny 2014 – 14 april 2019
Rami Hamdallah Fatah 6 juny 2013 – 2 juny 2014 (bestriden)
Salam Fayyad Unôfhinklik 14 juny 2007 – 6 juny 2013
Ismail Haniyeh Hamas 19 febrewaris 2006 – 14 juny 2007
Ahmad Qurei Fatah 24 desimber 2005 – 19 febrewaris 2006
Nabil Shaath Fatah 15 desimber 2005 – 24 desimber 2005
Ahmad Qurei Fatah 7 oktober 2003 – 15 desimber 2005
Mahmûd Abbas Fatah 19 maart 2003 – 7 oktober 2003

Politike partijen

bewurkje seksje

De folgjende partijen, yn alfabetyske oarder, hawwe meidien yn ferkiezings koartlyn yn de Palestynske Autoriteit:

  • Democratysk Front foar de Befrijing fan Palestina (Al-Jabhah al-Dimuqratiyah Li-Tahrir Filastin)
  • Fatah of Befrijingsbeweging fan Palestina (Harakat al-Tahrâr al-Filistini)
  • Hamas of Islamityske Fersetsbeweging (Harakat al-Muqawamah al-Islamiyah)
  • Palestynske Democratyske Uny (al-Ittihad al-Dimuqrati al-Filastini, FiDA)
  • Palestynsk Nsjonaal Inisjatyf (al-Mubadara al-Wataniya al-Filistiniyya)
  • Palestynske Folkspartij (Hizb al-Sha'b al-Filastini)
  • Populêr Front foar de Befrijing fan Palestina (Al-Jabhah al-sha'abiyah Li-Tahrir Filastin)

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

De Palestynske kriten binne ferparte yn trije soarten gebieten: A-gebieten, B-gebieten en C-gebieten. Yn de A-gebieten (3% fan it lânoerflak) is de Palestynske Autoriteit ferantwurdlik foar boargerlike saken en feiligenssaken; yn B-gebieten (25% fan it lânoerflak) allinnich foar boargerlike saken; C-gebieten (72% fan it lânoerflak) steane folslein ûnder Israelysk boargerlik en militúr bestjoer.

Dy yndieling yn A,B en C-gebieten waard troch de Oslo-akkoarten en byhearrende fredesûnderhandelings tydlik ornearre as oergongsfaze nei in dêr te fêstigjen ûnôfhinklike Steat Palestina.

It gebiet fan de Palestynske Autoriteit is fierder ûnderferparte yn 16 gûvernementen, dy't op harren bar ferparte binne yn 557 gemeenten, it leechste bestjoerslaach.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.