Palestynske Befrijingsorganisaasje

De Palestynske Befrijingsorganisaasje, benammen bekend ûnder de Ingelske ôfkoarting PLO foar Palestine Liberation Organization (Arabysk: منظمة التحرير الفلسطينية, Munaẓẓamat at-Taḥrīr al-Filasṭīniyyah) is in koepelorganisaasje fan ferskate fraksjes op nasjonalistysk, polityk en militant mêd dy't stribbet nei in selsstannige Palestynske steat.

Palestynske Befrijingsorganisaasje
منظمة التحرير الفلسطينية
algemiene ynformaasje
ôfkoarting PLO
nasjonaliteit Palestina
type org. polityk
militant
wurkmêd Palestysnke ûnôfhinklikens
haadkertier Al-Bireh, Westjordaanlân
off. taal Arabysk
oprjochte 28 maaie 1964
aktyf yn Palestina
lieder Machmûd Abbas
offisjele webside
https://www.nad.ps/en

De organisaasje waard yn 1964 oprjochte dy't ynearsten it doel hie en stribje nei in Arabyske steat en ienheid yn it eardere Mandaatgebiet Palestina, yn opposysje fan de steat Israel. Yn 1993, by de Oslo-akkoarten, waard it stânpunt fan de PLO oangeande in Arabyske steat bysteld ta allinnich de Palestynske kriten dy't sûnt 1967 troch Israel beset waarden nei de Seisdagekriich.

Jasser Arafat, de lieder fan de PLO

De PLO hat syn haadkantoar yn de stêd Al-Bireh yn it Westjordaanlân en is erkend as de iennige wetlike fertsjintwurdiging fan it Palestynske folk troch mear as 100 lannen, dêr't er diplomatike bannen mei hat. As it offisjeel erkende regear fan de de jure steat Palestina, genietet de PLO sûnt 1974 in waarnimmerstatus by de Feriene Naasjes (FN).

Troch syn militante aktiviteiten, mei guon gewelddiedige aksjes dy't benammen tsjin Israelyske boargers rjochte waarden, waard de PLO troch de Feriene Steaten yn 1987 as in terreurorganisaasje bestimpele, alhoewol't letter in presidinsjele frijstelling yn 1988 de Amerikanen tastie en meitsje kontakt mei de organisaasje. Yn 1993 erkende de PLO it rjocht fan it bestean fan Israel yn frede, naam Resolúsje 242 fan de FN-Feiligensrie oan en wiisde "geweld en terrorisme" ôf. Yn andert dêrop erkende Israel offisjeel de PLO as in wetlike fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk. Nettsjinsteande dat de PLO meidie oan de Oslo-akkoarten, bleau de PLO de neikommende jierren guon foarmen fan geweld tapassen, benammen by de Twadde Palestynske Intifada fan 2000 oant 2005.

Nei de Oslo-akkoarten, dy't yn parten fan de Gazastripe en it Westjordaanlân de Palestinen in beheind selsbestjoer joech waard de Palestynske Autoriteit oprjochte. Dat bestjoersorgaan bestie út almeast deselde persoanen en kaam sûnt dy tiid mear op de foargrûn as de PLO.

It gesicht fan de PLO wie foar in lange tiid syn lieder Jasser Arafat, dy't yn 1969 lid waard. Hy wie al lieder fan Fatah-beweging, dy't dêrnei nau oparbeide mei de PLO.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.