Demarkaasjeline
In demarkaasjeline (fan it Frânske démarcation dat wer ôflaat is fan it Aldfrankyske Mark itjinge "grinslân betsjut), bestânsline of wapenstilstânline is yn de ynternasjonale polityk in grins dy't oerienkommen is, benammen nei in wapenstilstân of in wapenskoft. In demarkaasjeline wurdt gauris net as in permaninte grins sjoen, mar as in tydlike oplossing.
Afrika
bewurkje seksje- Marokkaanske Muorre: line tusken it troch Marokko bestjoerde westlike part en de Frije Sône yn de Westlike Sahara
Amearika
bewurkje seksje- Ferdrach fan Tordesillas yn 1494 om nije gebieten yn Súd-Amearika opeaske troch Portegal fan dy fan Spanje te skieden.
- De Mason–Dixon-line is in demarkaasjeline tusken fjouwer Amerikaanske steaten, dy't part fan de grinzen fan Pennsylvania, Marylân, Delaware en West-Firginia (doe part fan Firginia) foarmet. De line waard ûndersocht tusken 1763 aen 1767 troch Charles Mason en Jeremiah Dixon yn it ramt fan in grinsskeel tusken Britske koloanjes yn koloniaal Amearika
Aazje
bewurkje seksjeMidden-Easten
bewurkje seksje- Blauwe Line is in demarkaasjeline tusken Libanon en Israel
- Griene Line (Israel) is in demarkaasjeline ferwizende nei it wapenskoft fan 1949 tusken Israel en syn buorlannen Egypte, Jordaanje en Syrje.
- Griene Line (Libanon) is in demarkaasjeline yn de Libaneeske haadstêd Beirût dy't it kristlike East-Beirût fan it islamityske West-Beirût faninoar skaten yn de Libaneeske Boargerkriich fan 1975 oant 1990.
Súd- en East-Aazje
bewurkje seksje- McMahon-line is in demarkaasjeline tusken Yndia en Sina dy't yn 1914 oerienkommen waard tusken it Britske Ryk, Sina en Tibet.
- Militêre Demarkaasjeline is in demarkaasjeline op de grins tusken Noard- en Súd-Koreä dy't yn 1953 fêststeld waard.
- Line of Control is in demarkaasjeline tusken Yndia en Pakistan oer it bestridene gebiet Kasjmier
Jeropa
bewurkje seksje- Curzon-line wie in demarkaasjeline dy't yn 1920 troch de Britske minister fan Bûtenlânske Saken Lord Curzon foarsteld waard as in mooglike wapenstilstânline tusken Poalen yn it westen en de Sovjetrepubliken yn it easten nei de Poalsk-Russyske Kriich (1919-1921). De hjoeddeistige grins fan Poalen mei Wyt-Ruslân en de Oekraïne folget foar it grutste part de Curzon-line.
- De Foch-line wie in tydlike demarkaasjeline tusken Poalen en Litouwen dy't troch de Alliearden foarsteld waard.
- De demarkaasjeline yn Frankryk tusken Vichy-Frankryk en it troch nazy-Dútslân besette part fan Frankryk fan 1940 oant 1942.
- De Oder-Neissegrins waard troch de Bûnsrepublyk Dútslân foar in lang skoft sjoen as in demarkaasjeline tusken de DDR en Poalen yn plak fan as in permaninte grins.
- De Dútsk-Dútske grins tusken West- en East-Dútslân fan 1949 oant 1990 waard troch West-Dútslân as in demarkaasjeline sjoen.
- De grins tusken Syprus en Noard-Syprus dy't yn 1974 ta stân kaam.