Silvio Berlusconi
Silvio Berlusconi (Milaan, 29 septimber 1936 – Milaan, 12 juny 2023)[1] wie in Italjaansk ûndernimmer en politikus. Hy wie trijeris premier fan Itaalje: fan 27 april 1994 oant 17 jannewaris 1995, fan 11 juny 2001 oant 17 maaie 2006 en fan 8 maaie 2008 oant 16 novimber 2011. Hy wie de lieder fan de politike partij Forza Italia, oprjochter fan it Italjaanske media-ymperium Mediaset en ien fan de eigeners fan de Italjaanske fuotbalklup AC Milan. Hy wie mei in rûsd fermogen fan sân miljard euro yn 2023 ien fan de rykste minsken fan Itaalje.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Silvio Berlusconi | ||
politikus | ||
Silvio Berlusconi (2018) | ||
echte namme | Silvio Berlusconi | |
nasjonaliteit | Italjaansk | |
bertedatum | 29 septimber 1936 | |
berteplak | Milaan | |
stjerdatum | 12 juny 2023 | |
stjerplak | Milaan | |
partij | Forza Italia (1994-2008/2013-2023) PDL (2008-2013) | |
Premier fan Itaalje | ||
regear | Berlusconi I | |
amtsperioade | 1994-1995 | |
foargonger | Carlo Azeglio Ciampi | |
opfolger | Lamberto Dini | |
Premier fan Itaalje | ||
regear | Berlusconi II/III | |
amtsperioade | 2001-2006 | |
foargonger | Giuliano Amato | |
opfolger | Romano Prodi | |
Premier fan Itaalje | ||
regear | Berlusconi IV | |
amtsperioade | 2008 – 2011 | |
foargonger | Romano Prodi | |
opfolger | Mario Monti |
Libbensrin
bewurkje seksjeDoe 't er jong wie wurke Berlusconi mei syn freon, de lettere sakeman Fedele Confalonieri, op cruiseskippen om jild te fertsjinjen as muzikant en entertainer. Berlusconi is cum laude ôfstudearre yn rjochten, komponearre muzyk en skreau boeken.
Fininvest
bewurkje seksjeYn 1961 rjochte Berlusconi Fininvest op, dat yn de kommende desennia útgroeie soe ta it memmebedriuw, fan in protte dochterbedriuwen. De wichtichste projekten betroffen doe in pear grutte bouprojekten yn Milaan.
Troch de oanlis fan kabeltelefyzje rekke er fersyld yn de mediawrâld. Hy kocht in lokale stjoerder en boude dy as Canale 5 út ta in lanlike kommersjele omrop. Yn 1979 waard Publitalia 80 oprjochte. Yn 1984 waard it tv-kanaal Rete 4 opkocht. Twa jier letter stapte memmebedriuw Fininvest de wrâld fan it fuotbal binnen en waard it eigener fan de fuotbalklup AC Milan. Sûnt 1991 makket ek de útjouwerij Mondadori diel út fan de Fininvest Groep. Medusa Film, oprjochte yn 1995, waard yn in oantal jierren tiid de Italjaanske lieder yn filmproduksje en filmdistribúsje.
Forza Italia en premier fan Itaalje
bewurkje seksjeYn 1993, midden yn ien fan de grutste politike krisissen dy't Itaalje kend hat, besleat Berlusconi om de polityk yn te gean. Mei syn partij Forza Italia (letterlik "Hup Itaalje") woe er it gat opfolje dat de eksplodearre Democrazia Cristiana efterliet. De partij wie derop rjochte om Itaalje as in bedriuw te bestjoeren en hjitte te stean foar frijheid, famyljewearden en ûndernimmerskip.
Yn 1994 waard Berlusconi foar it earst premier fan in sintrumrjochtse koälysje, Casa delle Libertà (Hûs fan de Frijheden). Dat duorre mar acht moannen, oant koälysjepartner Lega Nord de koälysje falle liet. Tusken 1996 en 2001 siet Casa delle Libertà yn de opposysje nei de oerwinning fan de sintrumlinkse koälysje L'Ulivo (De olivebeam) fan Romano Prodi. Yn 2001 helle Casa delle Libertà op 'e nij in mearderheid. Diskear wie it regear stabiler. It kabinet-Berlusconi II is it langstsittende regear yn de skiednis fan Itaalje.
Yn 2005, neidat der rebûlje ûntstien wie mei de kristendemokratyske regearingspartner UDC (Sintrumdemokratyske Uny), naam Berlusconi ûntslach. Dêrnei foarme er syn tredde kabinet, it kabinet-Berlusconi III.
Ferkiezingen 2006
bewurkje seksjeBy de parlemintsferkiezingen fan 9 en 10 april 2006 hie Berlusconi in nipte nederlaach tsjin de sintrumlinkse koälysje. De linkse koälysje helle 49,8% fan de stimmen, tsjin 49,7% fan Berlusconi syn koälysje. Hy woe lykwols in nije telling fan de stimmen hawwe. It Italjaanske Heechgerjochtshof bepaalde op 19 april dat Prodi yn alle gefallen yn it Hûs fan Offurdigen in mearderheid behelle hie (fan tsientûzenen stimmen).
De sintrumpartijen lykas de UDC erkenden de winst fan Prodi, wylst de rjochtse partijen wegeren de hoop op te jaan. Op 2 maaie 2006 tsjinne Berlusconi it ûntslach fan syn regear yn. Op 17 maaie waarden Prodi en syn nije kabinet beëdige.
Ferkiezingen 2008
bewurkje seksjeNei de fal fan it kabinet-Prodi II waarden nije ferkiezingen útskreaun. Yn de kampanje giene ferskate politike partijen mei-inoar gear, wêrtroch 't nije partijen ûntstiene lykas Il Popolo della Libertà (PdL) van Berlusconi, de linkse demokratyske partij fan Walter Velckei, de "Linkse Reinbôge" en de Unione di Centro (Uny fan it Sintrum) fan UDC-lieder Pier Curando Casini. It seach der al yn de peilingen nei út dat Berlusconi de ferkiezingen winne soe, en dat die er dan ek. It wie syn tredde termyn as premier. Dêr kaam in ein oan troch de ynstelling fan it tuskentiids sakekabinet fan Mario Monti.
Ferkiezingen 2013
bewurkje seksjeBerlusconi soe yn 2013 mei syn partij PdL kandidaat wêze foar de parlemintsferkiezingen, sa joech er yn desimber 2012 te kennen. Twa moanne earder hie er noch sein fan dielname ôf te sjen. Syn kandidaatstelling lokke fuortendaliks in soad kontroverse út, ek binnen de PdL en de Lega Nord, Berlusconi syn wichtichste koälysjegenoat yn de ôfrûne jierren. De Lega joech oan dat er net wer tegearre mei him in regearing foarmje woe, mar kaam dêr letter op werom. Berlusconi sleat in alliânsje mei de Lega Nord en oare liberale partijen. De alliânsje wist de ferkiezingen net te winnen, Berlusconi einige twadde op romme ôfstân fan Pier Luigi Bersani. Wol waard er de grutste yn de Italjaanske senaat. Dat ferskil wie it gefolch fan de Italjaanske kieswetjouwing, dy't yn de Keamer de grutste partij nasjonaal 55% fan de sitten besoarget, mar de grutste partij per regio 55% fan de sitten per regionaal kiesdistrikt yn de Senaat besoarget. Omdat Berlusconi sterk stie yn it noarden troch syn alliânsje mei de Lega Nord, koe er sa in mearderheid yn de Senaat helje.
Senaatssit
bewurkje seksjeYn reaksje op in foarnommen stimming yn de Senaat om him syn sit te ûntnimmen, luts Berlusconi syn partij op 26 novimber 2013 de stipe oan it kabinet-Letta yn. Op 27 novimber 2013 stimde in mearderheid fan de senators Berlusconi út it parlemint foar syn feroardieling foar belestingfraude. Yn septimber 2022] makke Berlusconi syn weromkommen yn de Italjaanske polityk. Yn Monza krige er mear as 50% fan 'e stimmen en dat brocht him in sit yn 'e Senaat út namme fan Forza Italia. Yn 2012 hie er in ferbod om in iepenbier amt te beklaaien foar 10 jier krigen, fanwegen syn feroardieling foar fraude.
Priveelibben
bewurkje seksjeBerlusconi hat twa kear boaske west, yn maaie 2009 frege syn twadde frou Veronica Lario (skûlnamme fan Miriam Bartolini) de skieding oan. Dit nei't se fernaam hie dat har man, Berlusconi oanwêzich west hawwe soe op ferskate seksfeestjes, en dit yn de oanwêzigens fan minderjierrige famkes. Yn desimber 2012 makke hy bekend dat hy ferloofd wie mei de doe 27 jier âlde presintatrise Francesca Pascale. Op woansdei 5 april 2023 waard Berlusconi opnaam yn in sikehûs yn Milaan omwille fan problemen oan syn hert. In dei letter makken de Italjaanske media bekend dat er leukemy konstatearre wie by Berlusconi. Silvio Berlusconi ferstoar op 12 juny 2023, yn 'e âldens fan 86 jier.
Etyk en krityk
bewurkje seksjeBerlusconi hat gauris belutsenen west by korrupsjeskandalen, tsjinwurking fan de frijheid fan mieningsutering en parsefrijheid troch syn grutte mediabelangen, yn it algemien politike en saaklike belangeferfrisseling en gâns seksuele eskapades. Net allinne yn Itaalje is de miening wiidferspraat dat Berlusconi it politike toaniel op gie om as folksfertsjintwurdiger ûnskeinberens te krijen yn korrupsjeprosessen.
Monopoalje yn de media
bewurkje seksjeBerlusconi is troch tsjinstanners swier bekritisearre foar syn greep op de media. De tv-stjoerders fan Berlusconi wiene de populêrste fan Itaalje. De sjoernaliste-organisaasje "Reporters sûnder grinzen" miende yn 2004 dat de tsjinstridige belangen fan premier en mediamagnaat Berlusconi it ferskaat fan de berjochtjouwing bedrige. De "Ynternasjonale Federaasje fan Sjoernalisten" dielt dizze krityk. Berlusconi en syn meistanners antwurden dat de oplossing fan dit probleem net leit yn de twongen ferkeap of fergrutting fan de ûnôfhinklikheid fan syn media-ymperium, mar yn de kreaasje fan mear kanalen om in alternatyf te bieden, om't der yn Itaalje allinnich RAI, Mediaset en de minder wichtige La7 op lanlike skaal sichtber binne.
Berlusconi hat ferskate sjoernalisten ûntslein, nei eigen sizzen om in besteande kommunistyske partidichheid fan de publike omrop op te heffen. Fierder binne ferskate krityske sjoernalisten nei krityske opmerkingen fan Berlusconi troch de omrop ûntslein of út de programmearring skrast.
Korrupsje
bewurkje seksjeBerlusconi waard yn earste ynstânsje feroardiele fanwege ferskate misdriuwen (meineed, omkeaping, fraude). It troch it regear fan Berlusconi yntsjinne ferjieringswetjouwing en ymmuniteitswet laten yn berop ta frijspraak of ûntslach fan rjochtsferfolging respektyflik. seponearring. Berlusconi wurdt derfan fertocht om yn ferskate prosessen tsjin him of syn bedriuw rjochters omkocht te hawwen. Hysels hâldt út dat dit mar in hetze tsjin syn persoan wie, fierd troch "kommunistyske" rjochters.
De regearing-Berlusconi wist yn juny 2003 in wet oannommen te krijen dy't beskate pommeranten, wêrûnder Berlusconi as premier, ymmún foar ferfolging makke salang't se har post beklaaiden. Yn jannewaris 2004 waard dizze wet lykwols ûngrûnwetlik befûn. Berlusconi besike dêr nei in nije wet mei deselde ynhâld op mear deugdlike wize oannommen te krijen. It proses tsjin him gie wer fierder, mar it like derop dat syn riedslju, troch de prosesgong sa lang mooglik te rekken, dochs noch in feroardieling foarkomme woene.
Op 26 oktober 2012 waard Berlusconi feroardiele ta fjouwer jier finzenisstraf foar belestingûntdûking yn de saak-Mediaset. Troch in amnestiwet dy't de oerbefolking yn Italjaanske finzenissen tsjingean moat, is dizze straf weromdien nei ien jier. Neist de finzenisstraf mocht er in tal jierren gjin publyk amt mear útoefenje en moast er, tegearre mei de oare feroardielden, 10 miljoen euro betelje oan de Italjaanske fiskus. Om't Berlusconi oanjûn hie yn berop te gean, wie de straf noch net útfierber. It Italjaanske Hof van kasaasje hat op 1 augustus 2013 de feroardieling ta 4 jier sel fan Berlusconi fanwege belestingfraude befêstige. De feroardieling fan Berlusconi ta útsluting fan iepenbiere funksjes moast lykwols op 'e nij besjoen wurde. It wie foar it earst dat de mediamagnaat en eks-premier definityf foar in misdriuw feroardiele waard.
Op 7 maart 2013 waard Berlusconi feroardiele ta ien jier finzenisstraf fanwegen it ôfharkjen fan in fertroulik telefoanpetear om in bankskandaal hinne.
Rubygate
bewurkje seksjeEin 2010 kaam oan it ljocht dat Berlusconi de questuur van Milaan belle hie om in 17 jier âld Marokkaansk famke dat fan stellerij beskuldige waard frij te litten. It gie hjirby om Karima El-Mahroug (bynamme "Ruby Rubacuori", Ruby de Hertedief) dy't syn seksfeesten bywenne hawwe soe en neffens Berlusconi frijlitten wurde moast om't se de pakesizzer fan de Egyptyske eks-presidint Hosni Moebarak wêze soe. It die bliken dat dat in leagen wie. Dat melde de Italjaanske krante Corriere della Sera. Berlusconi reagearre troch te sizzen dat it in linkse lasterkampanje wie.
Op 6 april 2011 begûn yn Milaan it proses tsjin de Italjaanske premier, dy't hjirby ûnder mear beskuldige waard fan "oansetten ta minderjierrige prostitúsje". Op 24 juny 2013 waard Berlusconi skuldich befûn oan it beteljen foar seks mei in minderjierrige en machtsmisbrûk, en feroardiele ta sân jier finzenisstraf.
Yn it fûnis waardt steld dat "bewiisd is dat de fertochte in seksuele relaasje hie mei El Mahroug yn ruil foar grutte sommen jild en oar weardefol guod, lykas juwielen". Ek is neffens de rjochtbank bewiisd dat Berlusconi grutte sommen jild útjûn hie om in feroardieling foar machtsmisbrûk en prostitúsje mei minderjierrigen foar te kommen. Sa sei er "Ruby" 5 miljoen euro ta as sy foar de rjochters ferklearje soe dat hy net wist dat sy minderjierrich wie doe't sy seks mei-inoar hiene. Mei syn betellingen berikte Berlusconi dat tsjûgen foar him liegden, ûnder wa ek froulike parlemintariërs, lykas senator Maria Rosaria Rossi en Europarlemintariër Licia Ronzulli. Berlusconi krige úteinlik in taakstraf oplein.
Kontroversjele útspraken
bewurkje seksjeBerluskoni stie derom bekend dat er faak ûngelokkige of kontroversjele útspraken die. Hjirmei kaam er meardere kearen yn in lestich parket.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|