Komposysje
In komposysje is in muzykstik, wêrfan't de noaten of struktuer hielendal of foar in part fêstlein binne troch in komponist, meast mei help fan muzyknotaasje. Dat yn tsjinstelling ta folslein ymprovisearre muzyk.
Foarbylden fan net-notearre komposysjes binne: elektroanyske (bân)muzyk, en komposysjes út mûnlinge tradysjes, lykas de Yndiaaske Raga's.
Klassike komposysje
bewurkje seksjeYn de klassike tradysje wurde komposysjes mei noateskrift fêstlein yn in partituer. Foar it komponearjen yn de klassike tradysje moat in tal feardichheden tapast wurde:
- It opskriuwen fan muzyknotaasje
- It ynsetten fan muzykynstruminten, rekken hâldend mei de mooglikheden dêrfan; dat hjit ynstrumintaasje
- It gebrûk meitsjen fan de mooglikheden fan in muzykensemble; dat hjit orkestraasje
- It gebrûk meitsjen fan artistike feardigens
Foarbylden fan klassike komposysje binne: in symfony, in konsert, in pianotrio, in opera, in liet.
Komposysjeproses
bewurkje seksjeElke komponist hat yn essinsje syn/har eigen wize fan komponearjen. Dochs binne der beskate oerienkomsten tusken de ferskillende wurkwizen. Utgongspunt foar it begjinnen fan in komposysje is it 'idee'. It idee yn de earste tiid fan de klassike muzyk is meast in tema of motyf, gauris út mar in pear noaten opboud (bygelyks: de fyfde symfony fan Beethoven (G G G Es). Yn it modernisme is it idee breder op te fetsjen; sa is yn 'atmospheres' fan Ligeti it idee in klankfjild dêr't ôfsûnderlike ynstruminten net mear yn te werkennen binne.
Fierder kiest elke komponist foar it materiaal dêr't er mei wurket; de noaten dêr't er syn tema mei skriuwt. Hy kin kieze foar tonaliteit, bitonaliteit, atonaliteit (bygelyks 12 toans, hieletoans), mikrotonaliteit.
By it komponearjen kin in komponist op elk plak yn it muzykstik 4 keuzes meitsje:
1) eat dat earder skreaun is werhelje
2) fariearje
3) ûntjaan of
4) wat nijs skriuwe
Populêre komposysje
bewurkje seksjeYn de folksmuzyk en de popmuzyk wurdt inkeld in ienfâldiger notaasjesysteem as it noateskrift brûkt, bygelyks de Abc-notaasje. Gauris wurdt ek foaral út it ûnthâld wei wurke.
Komposysje fan Arabyske muzyk
bewurkje seksjeDer binne ferskate komposysjeskema's
- Noubah (yn Arabysk Noard-Afrika)
- Wasla (yn it Arabyske Midden-Easten)
- Fasil (yn Turkske muzyk)
- Shish Maqam (yn de sintraal Aziatyske republiken)
- Muwashahat (meartal fan Muwashah)
- Bashraf
- Samaii
- Tahmilah
- Longa