We Bought a Zoo (film)

film út 2011 fan Cameron Crowe

We Bought a Zoo is in Amerikaansk famyljekomeedzjedrama út 2011 ûnder rezjy fan Cameron Crowe, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Scarlett Johansson. De titel betsjut "Wy Hawwe in Dieretún Kocht". De film is loskes basearre op it autobiografyske non-fiksjeboek mei deselde namme fan Benjamin Mee. It ferhaal folget in jonge widner mei twa bern dy't beslút in rynkranke dieretún te keapjen, op te kallefaterjen en te weriepenjen. We Bought a Zoo krige mingde oant positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

We Bought a Zoo
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Cameron Crowe
produsint Julie Yorn
Cameron Crowe
Marc Gordon
senario Aline Brosh McKenna
Cameron Crowe
basearre op it boek fan Benjamin Mee
kamerarezjy Rodrigo Prieto
muzyk Jónsi
filmstudio Vinyl Films
LBI Entertainment
Dune Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Matt Damon
Scarlett Johansson
byrollen Maggie Elizabeth Jones
Colin Ford
Thomas Haden Church
Elle Fanning
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 desimber 2011
foarm langspylfilm
sjenre famyljekomeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $113,4 miljoen

Plot bewurkje seksje

It is in healjier lyn dat syn frou Katherine oan kanker ferstoarn is en sjoernalist Benjamin Mee is noch yn rou. As er foar it ferstân kriget dat er by syn krante inkeld út begrutsjen oan it wurk holden wurdt, nimt er ympulsyf út eigen beweging ûntslach. Underwilens wurdt syn fjirtjinjierrige soan Dylan fan skoalle stjoerd om't er allegeduerigen problemen feroarsaket en no ek noch stellen hat. Om't er sels yn syn buert alderhanne plakken mijt dêr't er oantinkens oan Katherine by hat, beslút Benjamin dat it tiid wurdt om te ferhúzjen. Mei syn sânjierrige dochterke Rosie en makelder Stevens giet er op huzejacht, mar nearne fine se krekt wat se sykje.

Uteinlik ûntdekt Rosie yn 'e map fan 'e makeler in grut, âld hûs op it plattelân. Stevens nimt harren mei tsjinnichheid mei dêrhinne, mar sadree't se it sjogge, wit Benjamin dat dit it hûs foar him en syn bern is. Dan komt de reden foar de tsjinnichheid fan 'e makelder oan it ljocht: by it hûs heart in yn ferfal rekke dieretún dy't al twa jier ticht is, mei in liuw, tigers, jagûars, kamielen, pauwen, wolven, sebra's, in grizzlybear en in grut tal oare bisten. Stevens leit út dat de ferkeapers, dat de erven fan 'e eardere eigner binne, bepaald hawwe dat de keaper net inkeld it hûs keapje kin, mar ek kontraktueel fêstlizze moat dat er de dieretún behâlde sil en derfoar soagje sil dat dy wer in fergunning kriget, sadat er wer iepen kin. Benjamin wifket, mar as er sjocht hoe gelokkich Rosie is as se mei de pauwen boartet, beslút er de keap troch te setten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Rosie is de wrâld te ryk dat se no yn in dieretún wennet, mar Dylan hat der in grouwéligen hekel oan om safier by al syn freonen wei te wenjen. Syn leafhawwerij is tekenjen, en hy lûkt him werom yn syn keunst, dy't sûnt it ferstjerren fan syn mem makaber wurde is. Duncan, Benjamin syn âldere broer, besiket him fan syn plannen ôf te bringen, mar Benjamin set troch. De wurknimmers fan 'e dieretún steane ûnder lieding fan 'e 28-jierrige haadoppasser Kelly Foster, dy't der earst net wis fan is wat se fan Benjamin tinke moat. Mei farske moed sette Benjamin en de oppassers útein mei it renovearjen fan 'e dieretún, sadat dy oer in healjier, yn july, iepengean kin. Underwilens rekket Dylan befreone mei Lily, de trettjinjierrige muoikesizzer fan Kelly. Dyselde rekket smoarfereale op him, eat dêr't hy him folslein ûnbewust fan is.

By in ferrassingsynspeksje troch de ûnsympatike dieretúnynspekteur Walt Ferris docht bliken dat der noch in protte oanpast wurde moat foar in nije fergunning. De kosten dy't dat meibringt, geane Benjamin syn budget te boppen. Rhonda Blair, de boekhâldster fan 'e dieretún, is har dêrfan bewust en rabbet tsjin 'e oare meiwurkers dat er de dieretún no sûnder mis ferkeapje sil. It moreel fan 'e stêf sakket dêrtroch alhiel yn. Lily fertelt it troch oan Dylan, dy't sa bliid as in protter is dat er hjir einlings wei kin. Dêrmei brekt er Lily har hert, mar dêr merkt er neat fan. Underwilens ûntdekt Benjamin dat Katherine foar har dea in ynvestearring dien hat dy't no $86.000 wurdich is. By de papierren dêrfan sit in brief fan har wêryn't se him opdraacht it jild te brûken om syn hert te folgjen. Duncan riedt him oan om 'e dieretún te ferkeapjen en it jild te brûken om op 'e nij te begjinnen, mar yn it brief fan Katherine stiet ek dat Benjamin net nei Duncan harkje moat. Hy beslút it jild yn 'e dieretún te stekken en Rhonda in protte súkses ta te winskjen by har nije baan yn Meksiko.

Dy nije ûntwikkeling komt Dylan rou op it dak en liedt ta in heechoprinnende rûzje mei syn heit. De oare moarns lizze se it lykwols wer by. As Dylan opbychtet dat er Lily mist, dy't him no begûn is te ûntrinnen, fertelt Benjamin syn favorite biedwurd oan syn soan: dat je inkeld tweintich tellen fan moed nedich binne om wat geweldichs te berikken. Troch it petear mei Dylan kriget Benjamin foar it ferstân dat er syn rouferwurking folslein ferkeard oanpakt hat: hy besiket hieltyd om Katherine te ferjitten, mar beseft no dat er ynstee besykje moat har neitins in plakje te jaan sadat er fierder kin. Dylan nimt de goerie fan syn heit oan en siket Lily op, oan wa't er bekend dat er fan har hâldt. Sy ferjout him foar syn eardere ûngefoeligens en se fermoedsoenje har mei inoar.

In wike foar de weriepening fan 'e dieretún komt Ferris wer del foar in yngeande ynspeksje. Hoewol't er war docht om dingen te finen dy't mis binne, blykt alles ynoarder te wêzen en winsket er Benjamin-en-dy úteinlik mei tsjinnichheid súkses ta. Inkele dagen foar de weriepening wurdt de krite troffen troch in stoarm, en de waarlju foarsizze de wietste simmer yn hûndert jier. De moarns fan 'e weriepening brekt lykwols ûnferwachts de sinne troch. As Benjamin, syn bern en de oppassers alles ree makke hawwe, komme der mar gjin besikers opdaagjen. Dylan ûntdekt dat der op 'e tagongswei in reuseftige beam omwaait is, dy't dwers oer it paad leit en alle ferkear tsjinhâldt. Oare kant dat obstakel stiet in file fan hûnderten dieretúnbesikers te wachtsjen. De oppassers helpe de besikers om oer de beam te klimmen. Der komt safolle folk op 'e weriepening ôf dat de tagongskaartsjes opreitsje. As Benjamin en Kelly op 'e knibbels lizze om 'e kaartsjefoarrie foar de folgjende moanne op te sykjen, tutet sy him ynienen op 'e mûle en bekent dat se fereale op him rekke is.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Matt Damon.
 
Scarlett Johansson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Benjamin Mee Matt Damon
Kelly Foster Scarlett Johansson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rosie Mee Maggie Elizabeth Jones
Dylan Mee Colin Ford
Duncan Mee Thomas Haden Church
Lily Miska Elle Fanning
Peter MacCreedy Angus Macfadyen
Robin Jones Patrick Fugit
Walt Ferris John Michael Higgins
Rhonda Blair Carla Gallo
makelder Stevens J.B. Smoove
Delbert McGinty Peter Riegert
Shea Seger Desi Lydic
Katherine Mee Stéphanie Szostak
rektor Michael Planes
Nathan Dustin Ybarra
Eve de boumerkkassiêre Kym Whitley
Crystal it aapke Crystal the Monkey
Buster de grizzlybear Bart the Bear II / Tank the Bear

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

De film is basearre op it non-fiksjeboek We Bought a Zoo, in autobiografysk ferslach út 2008 fan 'e ûnderfinings dy't de Ingelsman Benjamin Mee hie doe't er yn 2006 de yn ferfal rekke dieretún Dartmoor Zoological Park yn it greefskip Devon oankocht en weriepene. De Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox kocht dêr de filmrjochten op. De film We Bought a Zoo waard regissearre troch Cameron Crowe nei in senario fan himsels en Aline Brosh McKenna. Dêryn waard it ferhaal ferpleatst fan Ingelân nei Súdlik Kalifornje.

As produsinten wiene Crowe sels, Julie Yorn en Marc Gordon by it projekt belutsen foar de studio's Vinyl Films, LBI Entertainment en Dune Entertainment. Foar We Bought a Zoo wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rodrigo Prieto, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jónsi (Jón Þór Birgisson), de sjonger fan 'e Iislânske band Sigur Rós. De opnamen fûnen yn 2011 plak op 'e Greenfield Ranch yn Hidden Valley by Thousand Oaks, yn Kalifornje, dêr't spesjaal foar de film in hiele dieretún neiboud waard.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan We Bought a Zoo waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 12 desimber 2011 yn New York yn premiêre en iepene dêrnei op 23 desimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 desimber 2011 by platemaatskippij Columbia Records. We Bought a Zoo waard op 3 april 2012 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige We Bought a Zoo mingde oant positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 21/2 fan 4 stjerren, mei't er it "tefolle formule en net genôch belutsenens" fûn. Yn The New York Times hie Manohla Dargis krityk op 'e "klassike filmlogika" fan We Bought a Zoo, mei't de haadpersoan bgl. ympulsyf syn baan opseit sûnder der in momint oer yn te sitten hoe't er syn bern itende hâlde sil. Ek fûn se de happy end fan 'e film ûnoannimlik, hoewol't se it "in ferliedlike beweging" neamde as "al Gods skepsels, grut en lyts, wielderich en blond, yn sa'n harmony bestean kinne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie We Bought a Zoo in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 171 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in trochsichtich sûkerswiete produksje fan regisseur Cameron Crowe, mar Matt Damon foarmet in sympatyk sintraal personaazje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle We Bought a Zoo in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 40 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

We Bought a Zoo brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $75,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $37,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $113,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $63,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

It liet Gathering Stories fan Jónsi, út 'e soundtrack fan We Bought a Zoo, waard yn 2011 nominearre foar de Satellite Award foar bêste orizjinele liet. Yn 2012 waard de film nominearre foar trije Teen Choice Awards foar favorite dramafilm, favorite akteur yn in dramafilm (Matt Damon) en favorite aktrise yn in dramafilm (Scarlett Johansson). Colin Ford en Maggie Elizabeth Jones, dy't yn 'e film Dylan en Rosie spylje, de bern fan Benjamin Mee, waarden allebeide nominearre foar in Young Artist Award. Jónsi wûn foar syn soundtrack de BMI Award foar filmmuzyk.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.