The Adjustment Bureau
The Adjustment Bureau is in Amerikaanske romantyske science fiction-film út 2011 ûnder rezjy fan George Nolfi, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Emily Blunt. De titel betsjut "It Oanpassingsburo". It ferhaal folget de opkommende Amerikaanske politikus David Norris, dy't ûntdekt dat wat yn it bestean fan alle minsken tafal en de útoefening fan frije wil liket, eins berêst op 'e manipulaasje fan in groep boppenatuerlike wêzens. Dyselden neame harsels "it Oanpassingsburo", om't se de libbens fan 'e minsken oanpasse oan harren "plan". Nei't Norris troch wier tafal yn 'e kunde komt mei de frou fan syn dreamen, dy't er neffens it plan nea moetsje meien hie, begjint er te wrakseljen tsjin 'e bemuoisucht fan it Oanpassingsburo, ek al wurdt him it presidintskip fan 'e Feriene Steaten yn it foarútsjoch stelt as er him derûnder deljout. The Adjustment Bureau krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positivie resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
The Adjustment Bureau | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Nolfi | |
produsint | Michael Hackett George Nolfi Bill Carraro Chris Moore | |
senario | George Nolfi | |
basearre op | Adjustment Team fan Philip K. Dick | |
kamerarezjy | John Toll | |
muzyk | Thomas Newman | |
filmstudio | Media Rights Capital Gambit Pictures Electric Shepherd Productions | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Matt Damon Emily Blunt | |
byrollen | Anthony Mackie John Slattery Michael Kelly Terence Stamp | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 febrewaris 2011 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 106 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $50,2 miljoen | |
opbringst | $127,9 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeDavid Norris, in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen út Brooklyn, stelt him ferkiesber foar in sit yn 'e Amerikaanske Senaat. Yn 't earstoan liket er goede kânsen te meitsjen, mar dan geane de media oan 'e haal mei âlde foto's fan Norris dy't op in reüny mei stúdzjegenoaten syn broek sakje lit om syn maten by wize fan gekoanstekkerij syn bleate kont sjen te litten. Dat berjocht yn kombinaasje mei it âlde, al langer bekende ferhaal fan Norris dy't op 'e jûns fan syn ferkiezing yn it Hûs fan Offurdigen belutsen rekke by slaanderij yn in kafee, makket dat it elektoraat him as gefaarlik ympulsyf sjocht. Fan gefolgen ferliest er de ferkiezings.
Dat is al in rare ôfdijer foar Norris. Yn it konvinsjesintrum dêr't syn kampanjeteam de ferkiezingsjûn útsit, lûkt er him werom yn 'e waskromte by de heare-wc's om 'e taspraak te oefenjen dy't er hâlde moat om syn ferlies ta te jaan en syn tsjinstanner te lokwinskjen. Norris treft dêr in oantreklike jonge frou dy't seit dat se har op 'e heare-wc's ferskûlet foar de befeiliging. Se hat nammentlik in brulloft partycrasht dy't yn in oare seal yn it konvinsjesintrum holden wurdt. Nei't se dêrta útdage wie. Troch harsels. Norris fynt dat in prachtich ferhaal en rekket mei har oan 'e praat. It klikt oerdúdlik tusken harren. Se hawwe it oan tiid om ien hertstochtlike tút út te wikseljen, foar't Norris troch syn freon en kampanjelieder Charlie Traynor ophelle wurdt en de frou wer útnaaie moat foar de befeiligingslju. Ynspirearre troch har ympulsive hâlden en dragen jout Norris neitiid ynstee fan 'e tekst dy't er oefene hie, in ûngewoan iepenhertige taspraak, dy't sa goed ûntfongen wurdt, dat in grut diel fan 'e kiezers der spyt fan kriget net op him stimd te hawwen. Sadwaande wurdt er fuortendaliks de favoryt foar de folgjende ferkiezings foar in senaatssit yn New York, ek al duorret it noch fjouwer jier ear't dy holden wurde.
Underwilens liket in kloft mysterieuze huoddedragende manlju him op 'e eftergrûn yngeand mar hieltyd ûngemurken mei it libben fan Norris te bemuoien. In fearnsjier letter kriget ien fan harren, dy't "Harry Mitchell" neamd wurdt, opdracht fan syn direkte oerhearrige "Richardson" om Norris op in moarn deunby syn appartemint op te wachtsjen yn it park dat er troch moat om 'e bus te heljen. Mitchell moat derfoar soargje dat Norris foàr 7.05 oere kofje oer himsels hinne griemt, sadat er wer nei hûs moat om him te ferskjinjen. De oerwurke Mitchell falt lykwols op in sitbank yn it park yn 'e sliep, en Norris rint him foarby sûnder dat Mitchell der erch yn hat. Fan gefolgen hellet Norris de bus dêr't er mei woe en moetet dêr deselde jonge frou út 'e heare-wc's wer, dy't ek in passazjier is. Se prate wer en fine inoar noch altyd like leuk. Sy blykt Elise te hjitten en foar't se útstapt op har plak fan bestimming, jout se Norris har tillefoannûmer, dat er opberget yn syn beurs.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Norris arrivearret tsien minuten earder op syn wurk as dêr't Richardson op rekkene hie, en sadwaande sjocht er hoe't syn kollega's ûnbeweechlike stil steane of sitte, suver as wiene se beferzen yn in tiidsmomint, wylst Richardson en syn ûnderhearrigen harren tinzen ûndersykje en sa nedich oanpasse. Norris wit net wat der geande is, mar hat wol foar it ferstân dat der wat net doocht. Hy besiket út te naaien, mar hy wurdt efterfolge en oermastere en komt letter wer by besleur yn in leech pakhûs. Nei in ûnderlinge diskusje fan Richardson-en-dy oer hoe no, berikke se lang om let it beslút om iepen kaart te spyljen foar Norris oer. Richardson fertelt him dat se fan it "Oanpassingsburo" binne, in organisaasje dy't derfoar soargje moat dat de libbens fan alle minsken op 'e wrâld har oan "it Plan" hâlde dat opsteld is troch "de Foarsitter". Neffens him makke de twadde moeting fan Norris en Elise hielendal gjin ûnderdiel út fan it Plan. Dêrom pakt er Norris syn beurs ôf en hellet it papierke mei Elise har tillefoannûmer derút om it te ferneatigjen. Ear't er Norris weromstjoerd nei syn wurk warskôget er him dat syn ûnthâld en persoanlikheid wiske wurde sille as er ek mar immen fertelt oer it bestean fan it Oanpassingsburo.
Letter nimt Mitchell, dy't it begruttet om Norris, kontakt mei him op. Hy praat it spul mei him troch en besiket him op freonskiplike wize safier te krijen dat er gjin domme dingen docht. Ek leit er Norris mear út oer it mysterieuze Oanpassingsburo. Norris freget him planút: "Binne jimme ingels?" En Mitchell antwurdet: "Sa binne wy wol neamd."
Norris is lulk en wrokkich oer de gong fan saken, en hy kin Elise net ferjitte. Trije jier lang nimt er moarns op eltse wurkdei persiis deselde bus nei syn wurk, yn 'e hope har wer te treffen. Dan, op in dei, sjocht er har op it trottoir rinnen as de bus har ynhellet. Hy lit de bus stilhâlde, stapt út en hastiget him efter har oan. Earst is Elise begryplikerwize wat ôfhâldich om't er har trije jier earder nea skille hat, mar hy fertelt har dat er har tillefoannûmer yn syn beurs dien hie en dat dy him dyselde moarns noch ûntstellen is, wat wier is. Har folsleine namme is Elise Sellas en hja is in dûnseresse by it Cedar Lake Contempory Ballet. Norris wit har mei te troaien om in kopke kofje te drinken, wêrby't er hieltyd erchtinkend om him hinne sjocht oft er Richardson-en-dy ek gewaarwurde kin. Dêr hat er gelyk oan, want in yrritearre Richardson hat al prikken yn it wurk steld om Norris en Elise wer faninoar te skieden. Troch syn manipulaasje wurdt harren moeting ûnderbrutsen troch Charlie Traynor, dy't Norris yn 't sin bringt dat er dy middeis ommers in parsekonferinsje jaan soe. Norris moat fuort, mar hy praat mei Elise ôf op it plak dêr't har balletselskip rippetearje sil.
Oan 'e ein fan 'e parsekonferinsje yn 'e iepen loft, wêrby't Norris syn kandidatuer foar in nije Senaatssit bekendmakke hat, wurdt er yn in finster yn in gebou dat útsjocht op it plak fan 'e parsekonferinsje in flits fan Richardson gewaar. Hy begrypt fuortendaliks wat dat betsjut. Hy hastiget him nei it plak fan 'e rippetysje, mar dêr is gjin kop te bekennen om't Richardson dy mei syn manipulaasje fan plak feroare hat. Njonken harren fermogen ta it meitsjen fan lytse 'oanpassings' (lykas it feroarjen fan it rippetysjeplak) kinne aginten fan it Oanpassingsburo harrensels teleportearje troch doarren te brûken dy't dan ynienen nei in hiel oar plak liede. Troch klearebare koppigens hâldt Norris lykwols oan mei syn besykjen om Elise te finen oant Richardson de limyt berikt fan it tal oanpassings dat er dwaan mei. Nei in lulke konfrontaasje mei Richardson fynt Norris sadwaande Elise werom en sjocht er foar it earst hoe't se dûnset.
Richardson giet ûnderwilens mei de saak nei syn direkte oerhearrige, "Donaldson". Dy fertelt him dat it gjin tafal is dat Norris en Elise inoar hieltyd wer moetsje, mar de útwurking fan tsientallen eardere ferzjes fan it Plan. Yn 'e 1970-er, 1980-er en 1990-er jierren wiene Norris en Elise hieltyd foarbestimd om harren libben te dielen, mar yn in nije ferzje fan it Plan feroare dat. De âlde ferzjes wurkje lykwols noch hieltyd troch yn it hjoed en dêrtroch wurde Norris en Elise hieltyd wer nei inoar ta treaun. De oantrekkingskrêft dy't se fiele is it restant fan 'e âlde lotsbestimming. Donaldson beslút him net oan 'e saak te brânen, mar spilet it troch oan syn superieur, "Thompson", dy't de bynamme 'de Hammer' hie doe't er noch it wurk fan Mitchell en Richardson die.
Norris sliept mei Elise en sprekt mei har ôf by har balletútfiering, mar Thompson ûntfiert him nei it pakhûs dêr't er earder troch Richardson hinne brocht waard. Dêr lit er him finzen hâlde oant de balletútfiering hast foarby is. Uteinlik hat er in petear mei Norris, wêrby't de ferûntweardige Norris úthâldt dat hy it rjocht hat om syn eigen libbenspaad te kiezen. Thompson seit lykwols dat minsken net mear as de skyn fan frije wil hawwe, mei't eardere kearen dat it Oanpassingsburo ophold mei syn manipulaasje ta it tsjustere tiidrek fan 'e Midsiuwen en letter ta de Earste en Twadde Wrâldoarloch en de Holokaust laten. Neffens Thompson sil in lokkich libben mei Elise Norris ôfhâlde fan syn lotsbestimming om presidint fan 'e Feriene Steaten te wurden. Dat kin Norris net folle skele, dat as Thompson him gean lit, hastiget er him nei de útfiering om Elise dûnsjen te sjen. Thompson komt dêr wer by him en flústeret him yn it ear dat in lokkich libben mei Norris Elise ôfhâlde sil fan har lotsbestimming om in wrâldferneamd ballerina en goreografe te wurden. Om te bewizen dat it him mienen is, soarget Thompson derfoar dat Elise ferkeard op har ankel delkomt. It liket in karriêrebeëinigjende blessuere te wêzen, en Norris bringt har mei tûzen hasten nei it sikehûs, dêr't lykwols ta fernuvering fan eltsenien bliken docht dat se har ankel allinne mar ferstûke hat. Neitiid lit Norris Elise yn it sikehûs yn 'e steek om foar te kommen dat er har takomst ferrinnewearje sil.
Alve moannen letter wurdt Norris troch Charlie Traynor opmerksum makke op in oankundiging yn 'e krante fan it oankommende houlik fan Elise mei har kollega-balletdûnser Adrian Toussaint. Mei dyselde hie se ek al in kear ferloofd west yn it trijejierrich tuskenskoft nei har earste beide moetings mei Norris. Nei't er it in koart skoftke yn him omgean litten hat, beslút Norris dat er it nochris mei Elise besykje wol. Om't er foar it ferstân hat dat Thompson him nea yn har buert komme litte sil oant de houliksseremoanje beklonken is, freget er de help fan Mitchell. Dyselde fielt him skuldich oer alle negative dingen dy't er holpen hat om yn Norris syn libben te feroarsaakjen om yn Norris de ambysje wekker te meitsjen om presidint te wurden, sa't it Plan hawwe wol. Dêrom jout er Norris syn hoed, dêr't er ferlet fan hat om himsels fia doarren te teleportearjen sa't de aginten fan it Oanpassingsburo dogge. Ek leart er him hoe't dat wurket, nammentlik troch rûne doarkrukken altyd mei de klok mei te draaien. Hy warskôget Norris dat tsjin 'e klok yndraaien inkeld foar wurknimmers fan it Oanpassingsburo is.
Norris brûkt syn nije kennis folút en is Thompson-en-dy te fluch ôf. Hy wit it stedhûs te berikken, dêr't Elise en Adrian harren houlik yn it bywêzen fan mar inkele goede freonen troch in trou-amtner ynseingje litte sille. Elise fielt har noch altyd ferret om't er har krapoan in jier lyn yn it sikehûs yn 'e steek litten hat, mar Norris fertelt earlik oer syn redens dêrfoar en bringt sa oan har it bestean fan it Oanpassingsburo út. Elise mient earst dat er net goed by de holle is, mar Norris bewiist har dat er de wierheid sprekt troch har mei ien stap oer in drompel út 'e wc-romte yn it stedhûs nei it sportfjild fan it stadion fan 'e New York Yankees te bringen. Aginten fan it Oanpassingsburo efterfolgje har beiden en nei noch ferskate oare doarren nommen te hawwen, bedarje se úteinlik oan 'e foet fan it Frijheidsbyld. Dêr stelt Norris Elise foar de kar: òf se giet mei him en dan sykje se it hegerop om te besykjen harren libbens mei-inoar te dielen, òf se set har houlik mei Adrian troch en kiest foar in karriêre as in wrâldferneamde dûnseresse en goreografe. Elise beslút om mei Norris te gean.
Underoan yn 'e sokkel fan it Frijheidsbyld fine se in doar wêrfan't Norris de kruk tsjin 'e klok yn draait. Hy en Elise bedarje dan yn it haadkertier fan it Oanpassingsburo, dêr't se nei in wylde efterfolging it dak berikke. Dêr kinne se net fierder en wurde se besingele. Norris en Elise ferklearje inoar dan de leafde en tútsje inoar ynlik. As se de eagen wer iepen dogge en inoar loslitte, binne se allinnich op it dak. Thompson ferskynt om harren de mantel út te fegen, mar Mitchell ûnderbrekt him, mei't er berjocht fan 'e Foarsitter hat. Thompson lêst it berjocht en jout him slûksturtsjend ôf. Mitchell fertelt Norris en Elise dat de Foarsitter ûnder de yndruk is fan harren moed en wilskrêft en dêrom it Plan foar har beiden feroare hat sadat se byinoar bliuwe kinne. Nei't Norris en Elise fuortgien binne, spekulearret Mitchell dat it wiere plan fan 'e Foarsitter miskien wol is om minsken foar harren frije wil fjochtsje te litten, sadat se har eigen lotsbestimming bepale kinne.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
David Norris | Matt Damon |
Elise Sellas | Emily Blunt |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Harry Mitchell | Anthony Mackie |
Richardson | John Slattery |
Charlie Traynor | Michael Kelly |
Thompson | Terence Stamp |
Donaldson | Donnie Keshawarz |
Lauren | Jessica Lee Keller |
McCrady | Anthony Ruivivar |
Burdensky | David Bishins |
assistint fan Thompson | David Alan Basche |
senior kampanje-assistinte | Amanda Warren |
barkeeper fan it Brooklyn Ice House | Jennifer Ehle |
Paul de Santo | Pedro Pascal |
plysjeman Maes | Brian Haley |
Adrian Toussaint | Shane McRae |
himsels | Chuck Scarborough |
himsels | Jon Stewart |
himsels | Michael Bloomberg |
himsels | James Carville |
harsels | Mary Matalin |
harsels | Betty Liu |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Adjustment Bureau waard regissearre troch George Nolfi nei in senario fan himsels op basis fan it koarte ferhaal Adjustment Team fan Philip K. Dick út 1954. As produsinten wiene Nolfi sels, Michael Hackett, Bill Carraro en Chris Moore by it projekt belutsen foar de filmstudio's Media Rights Capital, Gambit Pictures en Electric Shepherd Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $50,2 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Toll, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman. De opnamen foar The Adjustment Bureau fûnen yn 2010 op lokaasje yn New York plak.
Oarspronklike ein
bewurkje seksjeDe einsêne op it dak fan 30 Rockefeller Plaza mei útsjoch oer Central Park waard by in reshoot filme, fjouwer moannen nei it beëinigjen fan 'e eigentlike opnamen. Regisseur George Nolfi sei dêroer yn in fraachpetear dat er de oanbelangjende sêne earst filme hie mei in froulike akteur dy't de Foarsitter (oftewol God) spile, mar dat er letter ta it ynsjoch kaam dat er dat personaazje better net yn 'e film sjen litte koe, mei't dan in elk syn eigen ideeën oer God yn 'e film kwytkoe.
Yn har autobiografy The Alley of Love and Yellow Jasmines skreau aktrise Shoreh Aghdashloo dat sy de aktrise wie dy't yn 'e oarspronklike ein fan 'e film de Foarsitter spile hie. Dêr heakke hja lykwols oan ta dat in bot emosjonearre Nolfi har ferteld hie dat filmdistributeur Universal Pictures him twongen hie om 'e ein fan 'e film te feroarjen, om't de studiobazen dêre fûnen dat it portrettearjen fan God as in Middeneastlike frou in diel fan it bioskooppublyk fan 'e film ferfrjemdzje soe.
Distribúsje
bewurkje seksjeMedia Rights Capital finansierde de film en ferkocht dy doe by opbod. It winnende bod fan $62 miljoen kaam fan Unversal Pictures, dat dêrom de distribúsje fersoarge. De film gie op 14 febrewaris 2011 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 4 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen. The Adjustment Bureau waard op 21 juny 2011 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Adjustment Bureau oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy omskreau it as "in fernimstige en goede film dy't in geweldigen-ien wêze kinnen hie as er wat mear risiko doard hie te nimmen. Ik fermoedzje dat de filmmakkers de ymplikaasjes fan it ferhaal net al te fier folgje woene." Yn The New York Times neamde Manohla Dargis The Adjustment Bureau "in film mei tempo en selsfertrouwen oer it finen en behâlden fan leafde troch tiid en romte […], dy't it seizoen opfleure hat mei in humoristysk mingsel fan science fiction-metafysika en alderwetske romantyk."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Adjustment Bureau in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 261 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Debutearjend senarioskriuwer/regisseur George Nolfi wrakselet om in lykmjittige toan te behâlden, mar The Adjustment Bureau riist dêr boppe-út troch de sterke, oannimlike gemy fan 'e haadrolspilers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Adjustment Bureau in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 41 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Adjustment Bureau brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $62,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $65,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $127,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50,2 miljoen betsjut dat in winst fan $77,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Adjustment Bureau
- (in) Ynformaasje oer The Adjustment Bureau yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |