Publyk
It publyk (gjin meartalsfoarm) is in term dy't ornaris ferwiisd nei alle persoanen dy't nei in barren of evenemint sjogge of harkje. Dêrfoar hoecht men der net fysyk by oanwêzich te wêzen, want yn 'e bredere sin hearre lju dy't thús nei de tillefyzje sjogge, ek ta it publyk fan in tillefyzjeprogramma. In publykspriis is in priis dy't útrikt wurdt op basis fan in stimming ûnder de leden fan it publyk (yn tsjinstelling ta de kar fan in faksjuery). De winner fan sa'n priis wurdt wol de publyksfavoryt neamd.
It wurd 'publyk' komt út it Latyn, fan publicus (komt ek foar as poplicus), dat "it folk" betsjut. Yn public relations en kommunikaasjekunde wurdt mei 'publyk' ferwiisd nei in beskate doelgroep. As eigenskipswurd, ta einbeslút, is 'publyk' synonym mei 'iepenbier', lykas yn 'e begripen publike wurken of publyk besit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |