Maria Grigorjevna Isakova (Vjatka, 5 july 1920 - Moskou, 25 maart 2011) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny.

Maria Isakova
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maria Grigorjevna Isakova
nasjonaliteit Sovjet
bertedatum 5 july 1920
berteplak Vjatka
stjerdatum 25 maart 2011
stjerplak Moskou
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
debút 1936
karriêre-ein 1954
wichtige prestaasjes
3x goud WK Allround 1948, 1949, 1950

Isakova begûn as jong famke mei it reedriden, en as foar't se 16 jier âld wie die se al mei oan it Sovjetkampioenskip fan 1936. Om mei dwaan te kinnen liigde se oer har leeftiid, omdat se doe eins noch te jong wie om mei te dwaan te meien. De bertedatum 5 july 1918 dy't doe opjûn is, is noch geregeld wei werom te finen yn artikels oer har.[1] Op it Sovjetkampioenskip fan 1936 behelle se in 5e plak yn it einklassemint, nei't se op de 500 meter ûnderút gien wie. Op de oare trije ôfstannen behelle se in 3e plak. Yn 1937 en 1938 einige se as 4e, yn 1944 wûn se sulver. It oare jier, en de fjouwer jier dêrnei, waard se allround kampioene fan de Sovjetuny, fiif kear op rige. Maria Isakova hat trije kear meidien oan de wrâldkampioenskippen reedriden en alle trije de kearen waard se wrâldkampioen. Se waard dêrmei de twadde reedrydster dy't trije kear wrâldkampioene waard (nei Laila Schou Nilsen) en de earste rydster dy't trije kampioenskippen op rige wûn. Troch seleksjekritearia sa't dy yn de Sovjetuny hantearre waarden, mocht se nea útkomme op de Olympyske Winterspullen. Maria Grigorjevna Isakova ferstoar op 25 maart 2011, yn 'e aldens fan 91 jier.

Persoanlike rekords

bewurkje seksje
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 47,7 8 jannewaris 1952   Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.37,2 16 febrewaris 1951   Medeo, Alma-Ata
1500 meter 2.29,5 12 febrewaris 1951   Medeo, Alma-Ata
3 km 5.21,7 23 jannewaris 1953   Medeo, Alma-Ata
5 km 9.32,0 1 febrewaris 1949   TsDKA Stadion, Moskou
jier WK
Allround
1948  
1949  
1950  

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN