Kornelis (Kees) Hanje (Westermar, 19 augustus 1906 - De Jouwer, 7 desimber 2011) wie in boer dy't yn 2012 de âldste man fan Fryslân wie.

Kees Hanje
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kornelis Hanje
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 augustus 1906
berteplak Westermar
stoarn 7 desimber 2011
stjerplak De Jouwer
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Boer
reden
  bekendheid
Aldste man fan Fryslân

Hanje wie syn hiele libben boer, earst op de pleats oan it Binnenpaad. Begjin jierren sechtich ferhuze de húshâlding yn ferbân mei de ruilferkaveling nei in pleats oan de Koarte Ekers by De Jouwer. Yn de pleats sieten yn de oarloch ûnderdûkers. Hanje komt út in húshâlding fan sân bern. Hy hie noch fjouwer bruorren en twa susters dy't ek allegear âld wurden binne.

Doe't er yn 2011 105 jier waard kaam waarnimmend boargemaster fan Skarsterlân Mary Looman by him op besite yn fersoargingshûs De Flecke oan de Midstrjitte op De Jouwer. Kees Hanje troude op 11 maaie 1934 mei Attje Semplonius dy't desimber 1992 ferstoar. Se krigen tegearre fiif bern, trije dochters en twa soannen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: