Mary Looman-Struijs
Mary Looman-Struijs (Flaardingen, 1953) is in Nederlânske politikus fan de PvdA.
Karriêre
bewurkje seksjeFoardat Looman de polityk yngie hie se buro dat minsken trainde yn konfliktbehearsking en fierder hie se ek tal fan oare njonkenfunksjes. Se wie ûnder oare foarsitter fan de Iepenbiere Biblioteek fan Smilde en bestjoerslid fan organisaasjes dy't te krijen hawwe mei it ûnderwiis yn Smilde.
Om 2002 hinne waard Looman-Struijs wethâlder en lokoboargemaster fan de gemeente Midden-Drenthe dêr't Smilde sûnt 1998 ûnder falt. Yn 2010 kaam der in ein oan har wethâlderwêzen en letter dat jier waard hja hifke oft se waarnimmend boargemaster fan Skarsterlân wurde woe as opfolger fan Bert Kuiper dy't yn febrewaris 2011 mei pensjoen gean soe. Omdat se meidien hie oan in 'assessment' fan Binnenlânske Saken wie bekend dat se boargemaster wurde woe. De gemeente Skarsterlân gie op 1 jannewaris 2014 op yn de nije gemeente De Fryske Marren. Se waard op 1 febrewais 2011 beneamd en wie sadwaande de lêste boargemaster fan Skarsterlân.