Bert Kuiper
G.J. (Bert) Kuiper (Arnhim, 2 febrewaris 1946) is in Nederlânsk politikus fan it CDA.
Hy is oplaat oan de UTS (foarrinner technyske skoalle) en hat tsien jier wurksum west yn de wegenbou. Om 1980 hinne waard er wethâlder fan Kultuer, Rekreaasje, Sport en Jeugdsaken yn syn berteplak Arnhim, en dêrneist joech er noch altiten lieding oan it troch him oprjochte bedriuw wat him dwaande hâlde mei de kwaliteitskontrole fan asfaltwegen. Ein 1985 waard Kuiper boargemaster fan Muiden en fan oktober 1990 ôf wied er boargemaster fan de Fryske gemeente Skarsterlân wat hy bleau oant syn pinsjoen begjin 2011. Hy waard yn Skarsterlân op 1 febrewaris 2011 opfolge troch Mary Looman-Struijs fan de PvdA, dy't foar twa jier beneamd waar as waarnimmend boargemaster. Op 1 jannewaris 2014 gie de gemeente op yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Kuiper is beskermhear fan Muziekvereniging Crescendo Muiden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|