Itty Sluis-Nijdam (Akkrum, 17 jannewaris 1939 - Hylpen, 6 juny 2011)[1] wie in Fryske skriuwster út Hylpen.

Itty Sluis
skriuwer
Itty Sluis
Itty Sluis
persoanlike bysûnderheden
echte namme Itty Sluis-Nijdam
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 jannewaris 1939
berteplak Akkrum
stoarn 6 juny 2011
stjerplak Hylpen
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre koarte ferhalen
tema's Science-fiction,
surrealisme
prizen Rely Jorritsmapriis (1991), (1994)

Fan begjin jierren tachtich ôf oant 1995 wurke se as amtner foar de provinsje Fryslân. Har wurk wie altyd yn relaasje mei it Frysk. Begjin jierren tachtich ferskynden ek koarte ferhalen fan har yn Hjir, Trotwaer en Frysk & Frij. Yn 1991 krige se in Rely Jorritsmapriis foar har ferhaal ‘De spear en de fûgel’. Science-fiction (sf) wie oant dan ta noch net sa folle ferskynd yn de Fryske literatuer. Har folgjende boek wie de ferhalebondel Wy dûnsje út 1997. Ek hjiryn joech Itty Sluis har op fierhinne nije wegen yn de Fryske literatuer, dy fan it surrealisme. Yn 1994 wûn se de troch it Skriuwersboun útskreaune essee-wedstriid, ta gelegenheid fan har 25-jierrich jubileum, mei har essee ‘Park yn Fryslân’. Trije jier letter waard har essee ‘It feest fan de leafde’ bekroane yn de troch Provinsjale Steaten útskreaune essee-wedstriid. It ferskynde yn de troch Durk van der Ploeg redigearre sammelbondel mei bekroande essees It obstakel fan ’e ferbylding. De novelle In pleats oan de mar út 1999 yn it ljocht befette absurdistyske situaasjes. Yn 2002 skreau Itty Sluis it Fryske boekewike geskink, It meunster fan Skylge.

Yn 2003 ferskynde de mânske histoaryske roman oer it libben fan Geertruida (Trui) Christine Jentink, Striid sûnder ein. Trui Jentink wie sosjaal fielend , strid foar emansipaasje en wie troud mei skriuwer/sjoernalist Oebele Stellingwerf.

Yn 2005 ferskynde Itty Sluis har berneboek Jelmer en it grottemystearje.

  • It holle ljocht (roman, 1992)
  • Wy dûnsje (ferhalen, 1997))
  • In pleats oan de mar (novelle, 1999)
  • It meunster fan Skylge (boekewikegeskink foar It Fryske Boek, 2002)
  • Striid sûnder ein : Geertruida Christine Jentink, 1852-1918 ( histoaryske roman, 2003)
  • Jelmer en it grottenmystearje ( 2005 )
  • Rely Jorritsmapriis
    • 1991 : De spear en de fûgel (ferhaal)
    • 1994 : Oerwintering op Gauster Syl (ferhaal)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skriuwersynformaasje op Sirkwy.nl