Geertruida Christine Jentink

Geertruida Christine Stellingwerf-Jentink (Nijlân, 9 july 1852 - Ljouwert, 12 july 1918) wie in dûmnysdochter en sjoernaliste.

Trui Jentink

Jentink wie dochter út it twadde houlik fan har beide âlden Theodorus Jentink, Nederlânsk-herfoarme predikant, en Geertruida Christina van Hengelaar (1812 -1893). Se hie fiif healbruorren en -susters dêr't se net folle kontakt mei hie. [ 2 ] Har mem brocht har beskermjend op en hoewol't Jentink graach nei skoalle gean wollen hie, krige se ynstee dêrfan priveeûnderwiis.

Yn 1873 kaam se nei in optreden yn kontakt mei de Fryske skriuwer en foardrachtskeunstner Waling Dykstra. Hy wie ek redakteur fan it Friesch Volksblad. Se begûnen inoar te briefkjen en wikselen ideeën út oer har modernere godstsjinstige opfettingen. De briefwikseling is mar foar in part bewarre bleaun. Wilens krige se kontakt mei de skriuwer en sjoernalist Oebele Stellingwerf (1847-1897). Hy wie ek redakteur by it Friesch Volksblad, nei alle gedachten haadredakteur. Jentink waard fereale en op 7 desimber 1882 trouden Jentink en Stellingwerf yn Wymbritseradiel, tsjin it sin fan Jentinks âlders. Se kamen yn Ljouwert te wenjen. It houlik bleau sûnder bern.

Nei har boaskjen waard se in fûleindich propagandiste foar hielûnthâlding, frouljusemansipaasje en sosjale herfoarmingen. Sa wurke se mei oan it Frysk Folksblêd en spruts faak. Nei de dea fan har man yn 1897 wie hja ('it krantewyfke') ûnder oaren redakteur fan it Frysk Wykblêd tusken 1900-1909.

Trui Jentink ferstoar trije dagen nei har 66e jierdei, nei in siikbêd fan seis wiken. Nei har dea die bliken dat se in grut part fan har argyf ferbaarnd hie. Mar inkelde brieven dy't hja yn de perioade 1873-1882 fan Waling Dykstra krigen hie, binne bewarre bleaun.

Om Jentink út it ferjit te heljen hat Itty Sluis in histoaryske roman skreaun oer it libben fan Trui Jentink. It boek ferskynde yn 2003 ûnder de titel Striid sûnder ein. Geertruida Christina Jentink, 1852-1918. Slûs omskriuwt Jentink as ien fan de meast opmerklike en foarútstribjende froulju út de skiednis fan Fryslân.

  • 'In memoriam' yn: Ljouwerter Krante, 13.7.1918;
  • J.J. Kalma, Oebele Stellingwerf. Frysk, demokratysk en soasialistiysk strider (Snits 1940); J.J. Kalma, Dit wienen ek Friezen IV (Ljouwert 1971);
  • J.J. Kalma, Geertruida Christina Stellingwerf-Jentink (1852-1918): it "krantewyfke" (Ljouwert 1980);
  • H. Sleurink, J. Frieswijk, De zaak Hogerhuis 'eene gerechtelijke misdaad' (Ljouwert 1984);
  • Trui Jentink. Soasjaliste, feministe, 1852-1918. FryxSpecial, desimber 1984;
  • P. de Vries, Kuisheid voor mannen, vrijheid voor vrouwen. De reglementering en bestrijding van prostitutie in Nederland, 1850-1911 (Hilfertsom 1997);
  • P.Th. Kok, Burgers in de bijstand. Werklozen en de ontwikkeling van de sociale zekerheid in Leeuwarden van 1880 tot 1930 (Grins 2000).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Stellingwerf-Jentink, Geertruida Christine .
  • Friesch Landbouwblad - 24 desimber 1938
  • M.Braaksma yn Geertruida Christina Stellingwerf-Jentink, Hwêrom Rinkje nei de thé gjin slokje ha woe (1941)