Friesch Volksblad
(Trochferwiisd fan Frysk Folksblêd)
It Friesch Volksblad wie it wykblêd fan de Friesche Volkspartij dat ferskynde tusken 25 juny 1876 - 1899. Earste redakteuren wiene Oebele Stellingwerf en Waling Dykstra (oant 1883), letter die Stellingwerf it allinnich.
It blêd wie ûnôfhinklik en tige kritysk; spile yn ferskate kwestjes (Agema-saak, 1881, ferkiezing Domela Nieuwenhuis yn Skoatterlân, 1888) in wichtige rol. It waard op 'en doer it orgaan fan de sosjalistyske Fryske Folkspartij. Doe't de Folkspartij oer har hichtepunt hinne wie ( 1891) ferlear ek it Friesch Volksblad oan betsjutting. Ein 1899 is it ferdwûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|