Dag Hammarskjöld

Dag Hjalmar Agne Carl Hammarskjöld (Jönköping, 29 july 1905 - Ndola, Sambia, 18 septimber 1961) wie in Sweedsk diplomaat. Dag Hammarskjöld wie sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes fan 10 april 1953 oant 18 septimber 1961, doe't hy stoar as gefolch fan in fleantúchûngemak ûnder syn fredesmissy yn Kongo. Hammarskjöld krige yn 1961 postúm de Nobelpriis foar de Frede.

Dag Hammarskjöld yn de jierren fyftich

Markstiennen

bewurkje seksje

Yn 1963, nei syn dea, ferskine fan Dag syn hân "Vägmärken", in bondel mystike, tige persoanlike deiboekfragminten, in soartemint testamint, mei aforismen en haiku's, dêr't hy al sûnt syn jeugd oan wurke hie. Hammarskjöld folge dêryn syn eigen iensume, djip en frijsinnige paad dat rûn lâns psalmteksten en Friedrich Nietzsche, fan it evangeelje nei Meister Eckhart, Sweedske dichters oant Hermann Hesse.

Oer Hammarskjöld

bewurkje seksje

In Frysktalige biografy fan Hammarskjöld is skreaun troch Jelle Hendriks Brouwer: Dag Hammarskjöld : strider foar frede, De Terp Ljouwert 1975.

Keppeling om utens

bewurkje seksje