Fryske Nasjonale Partij

De Fryske Nasjonale Partij (ôfkoarte FNP) is in Fryske politike partij.

Fryske Nasjonale Partij
Ofkoarting FNP
Partijlieder Sijbe Knol
Partijfoarsitter Wouter Wouda
Fraksjelieder
Earste Keamer
Germ Gerbrandy (OSF)
Sitten yn
Twadde Keamer
Sitten yn
Earste Keamer
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Sitten yn
Europeesk Parlemint
Oprjochte 1962
Rjochting Midden
Ideology Federalisme, regionalisme
Ledetal 1.174 (31-12-2016)
Jongereinorganisaasje FNPjongerein
Europeeske fraksje EFA
Webstee www.fnp.frl

Begjin (1962-1966)

bewurkje seksje

De Fryske beweging wie yn de 19e iuw en de earste helte fan de 20e iuw benammen in kulturele en literêre beweging dêr't net in soad omtinken wie foar polityk aktivisme. Op 16 desimber 1962 waard de Fryske Nasjonale Partij oprjochte troch de neven Pyt Kramer en Folkert Binnema. De FNP kaam op foar de Fryske taal, Fryske ekonomyske belangen, kultuer en mear foech foar de provinsje Fryslân. De beweging wie in reaksje op de grutte nasjonale partijen dy't neffens de stifters te bot rjochte wienen op de Rânestêd.

Earste suksessen (1966-1995)

bewurkje seksje

By de steateferkiezings fan 1966 wûn de FNP mei 2,4 persint fan de stimmen syn earste sit en de listlûker Jan Bearn Singelsma wie earste FNP'er yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Itselde jier helle de partij ferskate sitten by de gemeenteriedsferkiezings. Sûnt de earste steateferkiezings en riedsferkiezings is de FNP sawol yn de Provinsjale Steaten as ek yn de measte Fryske gemeenten in politike faktor. By de gemeenteriedsferkiezings fan 1970 waard de FNP bestjoerderspartij yn trije gemeenten (dy't letter opheft binne): Baarderadiel, Raerderhim en Hylpen. Fan 1970 oant 1995 bliuwe de ferkiezingsresultaten stabyl tusken de 4,5 en 7,4 persint fan de stimmen lizzen.

Yn 1981 wie de FNP ien fan de mei-oprjochters fan de Jeropeeske Frije Alliânsje (EFA).[1][2]

Groei nei 1995

bewurkje seksje

Yn 1995 waard mei oare regionale partijen en De Grienen de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF) oprjochte. Sadwaande wisten dy partijen in sit te krijen yn de Earste Keamer. Fan 1995 oant 2003 waard dy sit ynnommen troch yr. Marten Bierman fan De Grienen. Fan 2003 oant en mei 2011 wie de sit yn 'e Earste Keamer beset troch de FNP'er Hindrik ten Hoeve.

By de steateferkiezings fan 2003 waard de FNP de tredgrutste partij yn Fryslân. De ûnderhannelings nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 smieten de partij njoggen wethâlders op.[3]

 
It logo fan 'e FNP oant 2019.

By de steateferkiezings fan 2011 krige de FNP 9,2 persint fan de stimmen en waard dêrmei de fjirdgrutste politike partij yn de provinsje Fryslân. Nei de koalysje-ûnderhannelings mei de PvdA en it CDA kaam de FNP foar it earst yn de Deputearre Steaten; de earste FNP deputearre waard Johannes Kramer.[4]

Ferkiezingsútslaggen

bewurkje seksje

Hjirûnder de histoaryske ferkiezingsútslaggen fan de FNP yn Provinsjale Steaten en de gemeenten yn de provinsje Fryslân (lêste kolom).[5]

Jier Sitten PS Tal stimmen PS Persintaazje PS Riedsleden
1966 1 6.645 2,4 5 sitten yn 5 gemeenten
1970 2 11.014 4,5 20 sitten yn 15 gemeenten
1974 4 21.738 7,4 32 sitten yn 22 gemeenten
1978 2 15.878 4,8 29 sitten yn 22 gemeenten
1982 3 17.333 5,5 36 sitten yn 26 gemeenten
1987 – 1986* 2 15.115 4,5 21 sitten yn 16 gemeenten
1991 – 1990 3 17.321 6,1 27 sitten yn 17 gemeenten
1995 – 1994 3 17.046 6,4 39 sitten yn 17 gemeenten
1999 – 1998 4 21.333 8,4 42 sitten yn 19 gemeenten
2003 – 2002 7 36.871 13,4 50 sitten yn 21 gemeenten
2007** – 2006 5 28.225 10,7 54 sitten yn 21 gemeenten
2011 – 2010 4 27.288 9,2 62 sitten yn 20 gemeenten
2015 – 2014 4 25.118 9,5 59 sitten yn 16 gemeenten
2019 – 2017,18,19 4 23.662 7,9 39 sitten yn 11 gemeenten
* Nei 1982 fûnen de riedsferkiezings 1 jier earder plak as de steateferkiezings
**It tal sitten yn provinsjale steaten fermindere yn 2007 fan 55 nei 43

De FNP stiet oan de lofterkant fan it politike barren en is regionalistysk ynsteld. Oars as de namme tinken docht, is de FNP net foar folsleine selsstannigens fan Fryslân. Wol sjocht de partij Friezen as in apart folk en stiet it foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân. De partij stiet foar mear autonomy foar Fryslân, it brûken, beskermje en erkenne fan de Fryske taal en eigen gesach oer de gasreserven yn de Fryske boaiem.

Kearnwearden

bewurkje seksje

De FNP hat sân kearnwearden [6]:

  • Demokrasy: De FNP wol it bestjoerlik foech dellizze op in sa'n leech mooglik nivo.
  • Federalisme: De minsken by de polityk belûke en meiprate litte oer politike besluten.
  • Ynternasjonalisme: Fryslân as selsstannige bestjoerlike ienheid op Nederlânsk en Europeesk nivo meiprate litte oer belied en beslútfoarming.
  • Taal en kultuer: De Fryske identiteit fersterkje troch ûnder oaren trijetalich ûnderwiis. Kultuer is in wichtich part fan de mienskip dêr't de partij noed foar stean wol.
  • Solidariteit: Yn de mienskip sil gjin ferskil makke wurde tusken earm-ryk, jong-âld, sûn-siik.
  • Undernimmerssin: Utgean fan de eigen krêft. In sterke ekonomy tichtby hûs, iepen nei bûten.
  • Duorsumens: Ynstee fan wynmûnen oare foarmen fan duorsume enerzjy. Bettere fasiliteiten foar fytsers ynstee fan nije autodiken. Natoer en ekonomy wol de partij sa goed mooglik meiïnoar ferbine, mei behâld fan it lânskip.

Motto fan de partij by de gemeenteriedsferkiezings 2014 wie: 'minder Den Haach, mear Fryslân'. Yn it ferline wie it biedwurd ek wol 'Frysk, grien en sosjaal' en 'Frysk en federaal'.[7] Yn 2019 by de provinsjale ferkiezings wie it biedwurd ''Jou ús de romte'!'

Fertsjintwurdigers en bestjoerders

bewurkje seksje

Provinsjale Steaten

bewurkje seksje

By de steateferkiezings fan 1999 behelle de FNP fjouwer fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 2003 wist de partij ûnder lieding fan listlûker Johannes Kramer 7 fan de 55 sitten te bemasterjen. De FNP waard dêrtroch de tredgrutste partij yn de Steaten, mar kaam net yn de koalysje. By de Steateferkiezings fan 2007 waard it tal sitten fan de Steaten werombrocht fan 55 nei 43. De FNP behelle 5 fan de 43 sitten, wat delkomt op in lyts ferlies yn it tal prosinten. By de ferkiezings fan 2 maart 2011 hie de FNP in ferlies en krige 4 fan de 43 sitten.

Nei de provinsjale ferkiezings fan 2011 waard it dúdlik dat de PvdA, as grutste partij, earst prate woe foar in koalysje mei it CDA, GrienLinks en ek de FNP. Ynformateur waard Margreeth de Boer. Op 6 april stapte GrienLinks lykwols út de ûnderhannelings. Op 15 april waard in akkoart berikt, dêrmei kaam de FNP foar it earst yn de Deputearre Steaten.

Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 hat de partij:

Europeeske Frije Alliânsje

bewurkje seksje

De FNP wie yn 1981 ien fan de oprjochters fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA). De FNP is lid bleaun fan de EFA en hat in aparte EFA kommisje. By de ferkiezings fan it Europeesk Parlemint yn 2009 krige de EFA 7 ôffurdigen yn it parlemint, dy't 6 ferskillende partijen fertsjintwurdigje.[8] De European Free Alliance hat foar it Europeesk Parlemint in listferbining mei De Grienen (The Greens). De Grienen en de European Free Alliance hawwe tegearre 55 sitten yn it Europeesk Parlemint.[9]

Unôfhinklike Senaatsfraksje

bewurkje seksje

Sûnt 1995, doe’t de partij mei De Grienen en oare regionale partijen begûn gear te wurkjen, hat de partij ien sit yn de Earste Keamer krigen. Ald FNP-steatelid Hindrik ten Hoeve sit sûnt 2003 op dat plak.

De FNP hat by de earste ferkiezing fan it Wetterskip Fryslân yn novimber 2008 twa fertsjinwurdigers yn it wetterskipsbestjoer.

De stimmers komme foar in grut part út it westen en noardeasten fan Fryslân. Yn Skarsterlân waard by de gemeenteriedsferkiezings yn 2010 troch 34% fan de stimmers op de FNP stimd. Nei Skarsterlân folgen Gaasterlân-Sleat (30%), Littenseradiel (24%), Achtkarspelen (24%), Kollumerlân (23%), Ferwerderadiel (21%) en Tytsjerksteradiel (20%). Dêrneist wienen der noch fiif oare gemeenten dêr't de FNP mear as 15 persint fan de stimmen krige.

By de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn 2011 krige de FNP yn hiel Fryslân 9,2 persint fan de stimmen. Yn 2007 wie dat noch 10,7 persint.

De grutste FNP-gemeenten by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn 2011 wienen Skarsterlân (20,1%), Littenseradiel (19,9%) en Gaasterlân-Sleat (18,3%).

Ferneamde FNP'ers

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algemiene part fan de FNP webside
  2. http://www.sybrenposthumus.com/images/europasche_freie_allianz_efa_-_2_copy1.ppt
  3. Goud foar de FNP fan de FNP webside (sjoen op 07-05-2011)
  4. Kramer (FNP) wurdt deputearre Omrop Fryslân webside
  5. Fan de webside http://www.nlverkiezingen.com en út Tusken Fryske dream en Nederlânske macht, fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij fan Kerst Huisman (2003)
  6. Kearnwearden fan de FNP FNP webside
  7. Tolerance and Cultural Diversity Discourses in the Netherlands fan de Robert Schuman Centre For Advanced Studies
  8. Hiemside European Free Alliance
  9. [1]