Jan Bearn Singelsma
Jan Bearn Singelsma (Huzum, 7 oktober 1914 – Jellum, 8 jannewaris 2005), earste FNP-steatelid.[1]
Jan Bearn Singelsma wie learaar Biology oan de middelbere lânbouskoalle yn Ljouwert. Joech Fryske les MU-A. Doe't er mei syn ûnderwizersdiploma gjin wurk fine koe studearre er troch foar dizze fakken. Hy woe yn 1962 net meidwaan mei de FNP om't dy wat him oangie net genôch oan aksje die. Doe dat feroare waard er al lid fia Sjoerd Span en Teake Hoekema. Wie fan 1966 ôf 13 jier steatelid foar de FNP en fan 1970 ôf riedslid yn Ljouwert. Foarsitter fan de Feriening foar in Federaal Europa en de aksjegroep Radio Televisy Fryslân, yn ferbân mei artikel 47b fan de Omropwet.
Ek fierder wie er tige aktyf: Singelsma wie ien fan de oprjochters fan de Fryske Folkshegeskoalle, en fan de stifting Sprutsen Frysk Boek. Ek sette er ferskate aksjes op, bygelyks tsjin de ynpoldering fan it Waad en de bou fan de elektrisiteitssintrale oan de Burgumer Mar. Inisjatyfnimmer fan de f 120000,- aksje foar it eardere Frysk en Frij. Singelsma stie yn politike rûnten bekend as in bejeftige sprekker mei orizjinele ideeën.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|