Wetterskip Lauwerswâlden
It Wetterskip Lauwerswâlden wie ien fan de wetterskippen dy't yn 1997 yn Fryslân foarme waarden by de twadde grutte konsintraasje fan wetterskippen yn dy provinsje. It haadkantoar wie yn Bûtenpost. It wetterskip ûntstie út twa eardere: De Wâlden en Lits en Lauwers.
Yn 2004 binne de lêste 5 boezumwetterskippen opgien yn it Wetterskip Fryslân.