Allard fan Boerum
Allard fan Boerum (of Allard van Burum; Ljouwert, 17 febrewaris 1678 – Ferwert, 7 july 1729) wie grytman fan Doanjewerstâl en Ferwerderadiel.
Hy troude yn 1702 mei Catharina Johanna Heringa Van Eysinga (*1682 ). Se krigen ien dochter: Cecilia Isabelle fan Boerum. Syn heit wie Frans fan Boerum 1641-1710 dy’t troud wie mei Tite fan Vierssen 1641-1706.
Allard fan Boerum wenne fan 1705 - 1722 op de Osingastate yn Langwar en hat dy state hielendal ferbouwe litten. Fan 1722-1729 wurdt er grytman fan Ferwerderadiel en ferhuzet dan nei de Cammingastate yn Ferwert. Letter wennet er op de Holdingastate yn Feinsum.