Camminghastate (Ferwert)
Camminghastate wie in state dy't noardlik fan Ferwert stie. De state waard yn 1818 ôfbrutsen.
Camminghastate | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Ferwert | |
koördinaten | 53° 20' N 5° 49' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | foar 1400 | |
ferneatiging | 1818 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe state of stins wie al foar 1400 boud en waard foar it earst yn 1468 as een slotken dat beheert is van een geheeten Ticke neamd. Yn 1511 hjitte de stins het Kammyngen guedt to Ferwert. It wie ien fan de huzen fan de Cammingha's, ien fan de oansjenlikste en earst fermelde Fryske aadlike famyljes.
Camminghastate wie mei Herjuwsmastate it wichtichste adelshûs yn Ferwert. It byhearrende lân grinze oan it geastlik goed fan de parochytsjerke en lei diels yn de opstrek dêrfan. By in opmjitting fan 1645 waard de omjouwing fan it hûs beskreaun as: "het hornleger is met de graft, singel ende coy samt uytreed tesamen ruim 23 pondemaat groot bevonden". Op de kaarten fan 1718 en 1832 is in rom patroan fan grêften, singels en leanen te sjen. In leane ferbûn de state mei de tsjerke. Om 1600 hinne waard by it hûs in park oanlein en om 1720 skynt fannijs oan de túnoanlis wurke te wêzen.
De tekening fan Stellingwerf lit in ienfâldich langhalich hûs sjen út de 16e en 17e iuw. It bestie út 4 dielen, wêrfan trije dielen yn elkoars ferlingde stiene en in fjirde diel dat heaks op it middelste diel stie. Dy fjouwer boudielen wienen allegear mar ien ferdjipping heech en hienen sealtekken. Midsiuwske resten binne net op de tekening te sjen.
It stee wie tagonklik troch in poartegebou. It gebou sil tsjin de ein fan de 16e iuw boud wêze en wie dêrmei folle âlder as it poartegebou fan it Poptaslot yn Marsum. It poartegebou hie boppe de trochgong trije ferdjippings mei ramen en wie dêrmei sa heech, dat it troch steunbearen skoarre wurde moast, wylst de koerbôgige trochgong troch pylders flankearre waard. De geveltop wie rynsk fersierd mei rolwurk yn 'e styl fan Hans Vredeman de Vries. Tsjin it poartegebou oan stie in achtsidige treptoer, dy't heech opgie en bekroand waard troch in spits mei sipel. Dat poartegebou is yn 1818 ôfbrutsen.
Om 1976 waard by in ruilferkaveling it grêftestelsel foar in grut part rekonstruearre en dêrby waarden resten fan it poartegebou fûn, mar gjin fundearrings. De famylje Van Herpen hat it terrein doe op in eigen manier ynrjochte as "Cammingha Hof", dat út en troch foar besichtiging iepensteld wurd.
Bewenners
bewurkje seksjeYn de 12e iuw waarden meardere eallju, wêrûnder in Kempo, yn Blije, in dochterparochy fan Ferwert, neamd. Yn de 16e iuw waarden se troch Sibrandus Leo as foarâlden fan de Cammingha's fan Cambuur en fan dy yn Ferwert sjoen.
Yn 1399 waard Gerrolt Cammingha fan Ferwert troch de Hollânske greve Albrecht fan Beieren beliend mei de hearlikheid fan ûnder mear Ferwert en Ljouwert. Hy wie troud mei Hac Sidses Cammingha fan Cambuur. Harren stins yn Camminghabuorren wie yn de jierren om 1400 hinne in Hollânsk bolwurk yn it opstannige Fryslân. Cammingha fan Ferwert kin oan sibben fan Gerrolt komd wêze, mar de beliening mei Ferwert en ek de lettere gegevens oer de Cammingha's wize der op dat hy ek mei syn berteplak Ferwert relaasjes hâlden bleau. Gerrolts dochter Wick troude mei Taco Cammingha út Ferwert, in sib yn de fjirde graad fan har heit Gerrolt, dy't yn 1422 as Fetkeaper haadling foarkomt In tiidgenoat, mooglik in neef fan Taco, wie Gerbeth Kammingha fan Ferwery. Yn 1418 wurdt hy as iehear (doarpsrjochter) yn Ferwert, yn 1422 as Skieringer haadling en yn 1448 als meirjochter fan Ferwerderadiel neamd. Hy soe troud west hawwe mei Doedt Bottesdr Helbada fan Ferwert. Foar 1475 troude er mei Doedt Holdinga, de widdo fan Taeke Mockema. Yn 1468 waard Taeke ("Ticke") neamd as militêr belangryk haadling yn Eastergoa: in Hollânske spion sprekt fan it doarp "geheeten Ferwart mit een slotken dat beheert is van een geheeten Ticke". Yn 1475 waard Mockema-huys yn Dokkum, dêr't Taeke en Doedt doe tahâlden, troch Sydts Bottinga en Aede Jongama sûnder súkses belegere.
List fan bewenners:
- om 1400 Gerrolt Cammingha, yn 1399 te Camminghaburen by Ljouwert
- 1412 Taco Cammingha fan Ferwert en syn frou Wick Gerroltsdr. Cammingha
- 1418, 1422, 1448 Gerbeth Kammingha fan Ferwert
- 1468 Taeke Helbada, troud mei Doedt Holdinga, widdo fan Taeke Mockema
- 1511-1512 Gerbeth (of Gerbrand) Mockema
- Rints fan Mockema en Syds fan Sjuxma
- 1540 Aebe fan Sjuxma
- ± 1600 Womck fan Mockema, troud mei Roeland fan Achelen
- Womck fan Unia
- Hindrik fan Marsum
- Jurjen fan Vierssen
- Assuerus fan Vierssen
- 1698 Titia fan Vierssen en Fr. Azn. fan Boerum
- -1729 Allard fan Boerum, troud mei Alexandrine Eleonore fan Plettenberg
- 1729-1730 Alexandrine Eleonore fan Plettenberg
- 1730 Assuerus Vegilin fan Claerbergen
- ± 1740-1788 Tjalling Homme fan Haersolte
- 1789-1808 Anna Elisabeth fan Ychten
- 1818 D.J. Folkertsma
- 1976 - no famylje Van Herpen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|