Lancelot Volders
Lancelot Volders (Brussel, doopt op 10 maart 1636 – dêre beïerdige op 23 maart 1723) wie in Flaamsk keunstskilder. Hy wurke fan ûngefear 1700 ôf oan it Steedhâlderlik Hof yn Ljouwert. Yn de literatuer wurde Louis Volders, Jan en Lancelot Volders faak ferwiksele. Oare boarnen helje de trije skilders, harren wurk, data en nammen troch elkoar. Neffens it Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje (RKD) is dizze Lancelot sa goed as seker deselde persoan as Louis Volders[1] Earder waard dêr oer twifele en soe it om heit en soan gean. Yn de literatuer komt Lancelot Volders ek mei de foarnammen 'Jan' en 'François' foar, dat op grûn fan in ferkearde lêzing fan syn inisjaal. De measte oan him taskreaune skilderijen binne sinjearre mei "L Volders" en yn ien gefal "Louis Volders". Op in portret is "L. Volders pinxit Bruxelles 1691".
Lancelot Volders syn aktiviteiten as skilder leine benammen tusken 1657 en 1675.
Lancelot Volders wie in learling fan Gaspard de Crayer en waard yn 1657 in master yn it Brusselske gilde. Victor Honoré Janssens (Brussel, 1658 - 1736) wie op syn beurt de learling fan Lancelot Volders.
Wurk
bewurkje seksjeKarút: Neffens Artfact skildere de om 1660 berne ûnder oare:
- De Hillige Aya yn oanbidding foar de Hillige Triniteit (1673) yn de Brusselske Us Leaffrou Terkapelletsjerke.
- It groepsportret fan de Famylje Bathurst yn de Finchcocks Collection yn Goudhurst (Kent).
-
Famyljeportret mei prins op it binnenplein fan in Brusselsk paleis (1666)
-
Prinses Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau (om 1695)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer
Ynternet |