Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau
Henriëtte Amalia Maria fan Anhalt-Dessau (Kleef, 16 augustus 1666 – Slot Oranienstein, 18 april 1726) wie de dochter fan Johan George II fan Anhalt-Dessau en Henriëtte Katarina fan Oranje-Nassau en dus in pakesizzer fan Freark Hindrik fan Oranje-Nassau. Hja wie mem fan njoggen bern.
Libben yn it koart en bern
bewurkje seksjeHenriëtte waard berne yn de stêd Kleef, tsjintwurdich Dútslân. Sy boaske yn 1683 mei har neef Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz. Doe't har man yn 1696 ferstoar waard hja regintesse foar har soan, Johan Willem Friso.
Yn 1710 rjochtte Henriëtte Amalia de Oarder fan it Betrouwen op.
Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau is ferstoarn yn 1727 op 59-jierrige leeftyd en begroeven yn de stiftstsjerke fan Dietz.
Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia krigen njoggen bern:
- In jongferstoarne soan.
- Johan Willem Friso (1687-1711) troud mei Maria Louise fan Hessen-Kassel (1688-1765)
- Henriëtte Albertine (1686-1754)
- Maria Amalia (1689-1771)
- Sophia Hedwig (1690-1734), troud mei hartoch Karel Leopold fan Mecklenburg-Schwerin (1678-1747)
- Isabella Charlotte (1692-1757), troud mei Kristiaan fan Nassau-Dillenburch (1688-1739)
- Johanna Agnes (1693-1765)
- Louise Leopoldina (1695-1758)
- Henriëtte Kasimira (1696-1738)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau fan Wikimedia Commons. |