Slot Oranienstein

It Slot Oranienstein (Dútsk: Schloss Oranienstein is in paleis yn Diez oan de Lahn yn Rynlân-Palts, Dútslân. It waard yn de jierren 1672 oant 1681 oer de ruïnes fan it eardere yn 1564 ophefte benediktynske nonnekleaster Dierstein boud en wie oant 1815 fan de greven fan Nassau-Dietz, dêr't it Nederlânske keningshûs fan ôfstamt.

Slot Oranienstein
  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
plak Diez
koördinaten 50° 23' N 8° 0' E
Skiednis
boujier 1672-1681
ferbouwing 1704-1708
Oars
hjoeddeisk gebrûk museum
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Museum Oranienstein
Kaart
Slot Oranienstein (Rynlân-Palts)
Slot Oranienstein

Slot Oranienstein is ien fan de fjouwer nei it Hûs fan Oranje ferneamde paleizen yn Dútslân. Njonken Oranienstein binne dat it Slot Oranienburg yn Brandenburch en it Slot Oranienbaum yn Anhalt. It fjirde Slot Oranienhof by Bad Kreuznach bestiet net mear. De paleizen waarden foar fjouwer susters boud, dy't allegear ta de famylje hearden.

 
Albertina Agnes fan Oranje-Nassau (1634)
Skilder Gerard van Honthorst (1592–1656)

Slot Oranienstein soe as widdoferbliuw tsjinje foar de grevinne fan Diez, Albertine Agnes fan Oranje-Nassau. Foar de oarspronklike bou fan it Slot Oranienstein waarden dielen fan de romaanske kleastergebouwen yntegrearre.

Henriëtte Amalia liet it slot tusken 1704 en 1709 foar it earst ferbouwe. De ûntwerpen foar de ferbou ta in barok slot waarden makke troch de Frânske protestant Daniel Marot, in soan fan de bouwer fan Versailles. It rike stúkwurk waard oanbrocht troch de italjanen Eugenio Castelli en Antonio Gentone, de fresko's troch de Nederlanner Jan van Dyk.

Yn 1743 moast it slot de funksje fan residinsje ôfstean oan Dillenburch en it duorre dêrnei oant 1801 dat foar it earst wer in lid fan it Hûs Nassau Oranienstein it slot as residinsje brûkte. Nei syn flecht út Nederlân gyng doe Willem V fan Oranje dêr wenjen. Dy joech opdracht oan lânskipsarsjitekt Friedrich Ludwig von Sckell de tunen om it slot op 'e nij oan te lizzen.

Yn 1806 foel it slot ta oan it Gruthartochdom Berg. Napoleon liet yn 1811 de hiele ynventaris fan it slot feile. Nei it Kongres fan Wenen foel Oranienstein ta oan it nij foarme Hartochdom Nassau.

Yn de Dútske Kriich stie Nassau oan de kant fan de ferliezer Eastenryk en yn 1866 waard it hartochdom oan Prusen tawiisd. Ynearsten wie it Prusyske regear fan doel om yn it slot in kranksinnigegesticht ûnder te bringen, mar nei protesten fan it Nederlânske keningshûs kaam dêr neat fan telâne. In jier letter waard yn Oranienstein in opliedingssintrum foar ofsieren iepene. Tusken 1874 en 1876 waarden kazernegebouwen byboud en oan it begjin fan de 20e iuw folgen ek bestjoersgebouwen.

Nei de Earste Wrâldkriich waard it slot troch Frânsen beset. Yn it ramt fan it 600-jierrich bestean fan de stêd Diez yn 1929 folge in renovaasje. De gebouwen krigen no in museäle funksje foar it "Nassauische Heimatmuseum". Tusken 1934 en 1945 brûkte de SS-eliteskoalle Napola it slot.

Lang om let gyng it kompleks yn 1962 oer yn eigendom fan de Bûnsrepublyk Dútslân, dy't de gebouwen oerdroech oan de Bundeswehr en der it "Museum Nassau-Oranien" yn iepene. Om't it slot noch jimmeroan op militêr gebiet leit, binne it museum en it park allinne yn it ramt fan in rûnlieding te besjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.