Stiftstsjerke Diez
De Stiftstsjerke Sint-Marije (Dútsk: Stiftskirche Diez St. Maria) is in oarspronklik oan Marije wijd tsjerkegebou yn Diez yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Stiftstsjerke Diez | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
plak | Diez | |
adres | Schlossberg | |
koördinaten | 50° 22' N 8° 24.3' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | protestantisme | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side Stiftskirche Diez | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke stiet oan 'e foet fan it greveslot fan Diez en datearret út it lêste stik fan 'e 13e iuw. It wie de tsjerke fan in troch greve Gerhard IV fan Diez (1272-1306) oprjochte stift, dat oant 1564 bestie. Yn dat jier gyng de stêd oer op 'e reformaasje. It stift waard opheft en de tsjerke waard in protestantsk tsjerkegebou.
Yn 'e tsjerke binne meardere grêfmonuminten fan it grevehûs Diez-Nassau. Fral de sarkofaach fan Amalia fan Nassau-Diez yn it rjochter sydskip is it besjen wurdich. Har dochters fûnen harren lêste rêstplak yn 'e grêfkelder.
Opfallend is ek it stiennen doopfont, dat romaansk en âlder is as de tsjerke sels en werfan't de oarsprong net bekend is.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|