Greveslot Diez

It Greveslot Diez (Dútsk: Grafenschloss Diez) is in hichteboarch yn de stêd Diez yn de Rhein-Lahn-Kreis, Rynlân-Palts, Dútslân.

Grevenslot Diez
Diez001.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
regio Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
lânkring Flagge Rhein-Lahn-Kreis.svg Rhein-Lahn-Kreis
plak Diez
bysûnderheden
boujier Twadde helte fan de 11e iuw of earder
ferbouwing 2e helte 16e iuw
monumintale status Kulturdenkmal
webside Museum Oranienstein

SkiednisBewurkje

 
Diez yn 1665 (Merian)

Diez waard foar it earst yn 790 as "Theodissa" neamd. Nei alle gedachten hat der in Frankysk stasjon west om dêr de furde te beweitsjen. Neffens oerleverings soe de toer en it paleis yn de twadde helte fan de 11e iuw troch de greven fan Diez boud wêze, mar yn alle gefallen noch foar 1073. Stifter soe de broer fan Emmerik fan Diez west ha. Fan dy iere boarch binne hjoed-de-dei allinne noch de fûneminten fan haadtoer bewarre bleaun.

Mei't it greefskip Diez sûnt de twadde helte fan de 11e iuw foars útwreide waard ek de boarch fergrutte. Yn it jier 1329 krige Diez stedsrjochten. De boarch bleau yn mienskiplik besit nei't it greefskip Diez yn de twa liny's Diez en Weilnau opspjalte. Tsjin it ein fan de 13e iuw liet Herman fan Weilnau, proast fan it Sint-Joarisstift yn Limburch, in grutte ferbouwing útfiere.

Yn 1386 ferstoar Gerhard III, de lêste greve fan Diez. Syn erfenis foel mei de boarch oer syn dochter Jutta oan syn skoansoan, greve Adolf fan Nassau-Dillenburg (Hûs Nassau-Dillenburg Ottoanske liny). Adolf fan Nassau-Dillenburg ferstoar ek sûnder manlik neiteam. De helte fan syn erfskip foel oan syn broer Engelbert fan Nassau-Dillenburg, de oare helte oan it Hûs Eppstein. Troch ferpânjen, ferkeap en útstjerren waard de boarch yn de rin fan de tiid ûnder jimmeroan mear hearen opdield. Nei in striid oer it grutte erfdiel fan Katzenelnbogen koe it Hûs Nassau-Dillenburg mei it Ferdrach fan Diez yn 1564 de hiele boarch yn harren besit krije. Under de greven fan Nassau waard de boarch ferboud ta in foarsteslot yn de styl fan de iere renêssânse. Foar it wurk waarden arbeiders út Nederlân helle.

 
Binnenhôf

Mei de dieling fan it Ottoanske Hûs fan Nassau yn 1606 waard it kastiel de sit fan de greven fan Nassau-Diez (of Oranje-Nassau). Sûnt bewennen de widdo's Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel (1592-1642) en Albertine Agnes fan Nassau (1634-1696) it kastiel. Om't it kastiel ferâldere en net komfortabel wie, liet Albertine sûnt 1672 it slot Oranienstein bouwe. Nei de foltôging dêrfan die it âlde kastiel allinne tsjinst as bestjoersgebou.

Yn 1778-1779 folge de ferbouwing fan it kastiel neffens plannen fan bouynspekteur Sckell ta finzenis, dy't yn 1806 útwreide waard. Mei de bou fan in nije finzenis yn de oanbuorjende gemeente (tsjintwurdich in stedsdiel) Freiendiez sûnt 1910 einige dy funksje yn 1928. Yn it tichthûs waard ek wurke en de belangrykste dêrfan wie it ferwurkjen fan Lahn-moarmer.

De stêd Diez en Prusen woene it kastiel oan it Nederlânske keningshûs ôfstean, mar dy wegere dat. Yn 1953 waard der in jeugdherberch ûnderbrocht en sûnt 1962 ek in museum. it kastiel waard tusken 1995 en 2007 foar 7,68 miljoen euro restaurearre.

Oan de foet fan it kastiel stiet de sûnt 1289 boude stiftstsjerke. De tsjerke is it lêste rêstplak fan in grut tal greven fan Nassau-Diez.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.