Stift
In stift wie in territoarium, dêr't in abt, in proast of in (prins)biskop it ek yn wrâldske saken it foar it sizzen hie. It wie dus in gebiet dat folslein ûnder it bestjoer fan in tsjerklike ynstelling foel. Yn 'e regel waard in stift oprjochte troch keningen, hartoggen of aadlike famyljes mei in soad besit. Dat diene hja faak om religieuze of politike redenen.
De âldste fan sokke ynstellingen wiene de kleasters. Neffens it foarbyld fan 'e kleasters ûnstie letter it kanonike libben fan geastliken, dy't ferbûn wiene oan katedralen en kollegiale stifttsjerken. De wizânsjes fan Augustiner Koarhearen en Premonstratinzers binne te ferlikenjen mei de monastike regels fan in kleaster. Sokke koarhearen wurde reguliere koarhearen neamd. Oars as de reguliere koarhearen fan biskoplike tsjerken meitsje de sekuliere koarhearen net folslein diel út fan 'e mienskip en kinne hja ynkommen en priveebesit ha.
Mei de ynfiering fan 'e reformaasje rekken de stiften yn 'e protestantske gebieten de wrâldske macht kwyt, alhoewol't de stiften lang net oeral opheft waarden en as mienskip bestean bleaune. Mei de sekularisaasje oan it begjin fan 'e 19e iuw rekken ek de stiften yn 'e katolike gebieten de wrâldske macht kwyt. Ek hjoed-de-dei binne der yn Dútslân noch stiften, mar dy binne folslein oan 'e oerheid ûnderhearrich.
Kollegiale tsjerken
bewurkje seksjeOars as de oan 'e katedralen ferbûne aarts- en heechstiften mei in aartsbiskop of biskop oan 'e top, waarden de kollegiale tsjerken sûnder biskop in kollegiaal stift neamd. De leden fan in kollegiaal stift wennen yn ien gebou en waarden ûnderholden troch de opbringst fan in diel fan it besit fan it kleaster en tsienden.
Kapittel
bewurkje seksjeDer waarden ek kapittels foarme, wêrfan de leden (de canonici) koar- of stiftshearen neamd waarden. In soad aadlike minsken waarden lid fan it kapittel en hja wisten har al yn 'e 11e iuw mei behâld fan alle rjochten fan it kapittel wei te winen oan 'e ferplichting om tegearre en yn klausuer te wenjen. Ut it ynkommen fan it kleaster waarden prebenden foarme, wêrmei't de aadlike koarhearen yn in eigen amtswente harren ûnderhâld betellen. Sûnt de 13e iuw hearden by dy rjochten ek it kiezen fan nije koarhearen yn harren fermidden, it bestjoeren fan it bisdom by in fakante biskopssit en it kiezen fan in nije biskop út harren fermidden. Katedrale heechstiften wiene yn 'e tiid fan it Hillige Roomske Ryk ryksstannen en de biskoppen dêrfan wiene lyk oan foarsten. Yn in heechstift foarme it kapittel it orgaan dat hearske. Wylst de aadlike koarhearen alle rjochten holden, waarden de geastlike funksjes op de geastlike koarhearen oan 'e reguliere koarhearen oplein.
Stift Utert
bewurkje seksjeYn Nederlân krigen de biskoppen fan Utert yn 'e 11e iuw keninklike en grefelike rjochten fan 'e Dútske keningen. It stift Utert koe yn twa dielen ûnderferdield wurde: Oerisel, Drinte en Grins foelen yn it Boppestift, wylst it Utertske diel yn it Nederstift lei. Under biskop Hindrik fan de Palts waard it stift Utert oan Karel V oerdroegen. Oare stiften yn 'e Nederlannen wie it heechstift Luik, it stift Thorn, it stift Elten, de abdij fan Munsterbilzen en it abdijfoarstedom Stavelot-Malmedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Stift (Kirche) |