Haadmenu iepenje
Hindrik Kasimir II

Hindrik Kasimir II (De Haach, 18 jannewaris 1657Ljouwert, 25 maart 1696) wie fan 1664 oant 1696 foarst fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân.

LibbenBewurkje

Hindrik Kasimir wie de âldste soan fan Willem Freark fan Nassau-Dietz en Albertine Agnes fan Nassau. Hy folge, ûnder fâdijskip fan syn mem, syn heit op as steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. Yn 1675 ferklearren de Steaten fan Fryslân it steedhâlderskip erflik foar it Hûs Nassau-Dietz. Hindrik Kasimir waard dêrtroch de earste Fryske erfsteedhâlder. Lykas syn foargongers waard hy offisier yn it leger fan de Republyk, mar mei syn neef en oerbefelhawwer Willem III fan Oranje koe hy lykwols min oerwei. Yn 1674 rûn er sels oer nei de Frânsken. Hy soe weromkomme yn 1688 tidens de Njoggenjierrige Oarloch, en yn 1689 waard hy ta tredde fjildmaarskalk yn it Steatske leger beneamd. Doe't hy nei de dea fan Waldeck, de earste fjildmaarskalk, yn 1692 net syn posysje tadield krige, fielde hy him passearre en naam yn 1693 opnij ûntslach.

Hy waard as steedhâlder opfolge troch syn soan Johan Willem Friso.

Houlik en bernBewurkje

Hindrik Kasimir troude yn 1683 mei syn nicht Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau (1666-1726). Ut dit houlik kamen njoggen bern: