Lourdesgrot (Sint-Nyk)

De Lourdesgrot fan Sint-Nyk is in lourdesgrot by de Sint-Nikolaastsjerke yn Sint-Nyk. It falt ûnder de monumintesoarch.

Lourdesgrot Sint-Nyk
Lourdesgrot Sint-Nyk

Dizze replika waard yn 1935 troch Huite Huitema boud (mei help fan timmerlju), neidat hy op pylgerreis nei Lourdes yn 1933 fan in handikap genêzen wie. It bouwurk fan wapene beton is 12 by 8 meter en hat in hichte fan 7 meter. Foar de grot stiet in smei-izeren stek.