Pier Christiaansleat

(Trochwiisd fan Pier Christiaanssleat)

De Pier Christiaansleat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart ferbynt de rivier De Tsjonger (ek: De Kuunder) mei de Tsjûkemar en rint dêrby troch Ychtenbrêge. Oer de feart leit de Pier Christiaanbrêge. De farwei foarmet ek de grins fan twa doarpen. Oan de noardeastside leit Dolsterhuzen en oan de súdwestside leit Ychtenbrêge. Healwei de feart leit oan de súdwestside de Klynsmafeart.

Pier Christiaansleat en omkriten

De namme Pier Christiaansleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Pier Christiaansloot.