Sportferiening NOK

Sportferiening NOK is de fuotbalklup en omniferiening NOK fan Nijemardum. De letters steane foar Nijemardum "Oudemirdum" Kombinaasje. Tsjintwurdich komme de leden ek út Aldemardum, Riis, Sondel, Harich/Kippenburch en Balk. De omniferiening bestiet fierders út in gymnastyk- tennis- en folleybalôfdieling.

Yn 2008 wienen der mei-inoar 680 leden dy't inoar ek geregeldwei treffe yn klupgebou De Skelp. De fuotbalôfdieling hat twa spylfjilden en ien treningsfjild oan de Bosmastrjitte. It klupblêd NOK Nijs komt alle twa moannen út. It shirt is blau-wyt yn fertikale streken, broek en hoazen binne blau.

Skiednis bewurkje seksje

NOK is oprjochte op 1 july 1965. Op 1 febrewaris 1973 waard it in omniferiening. Earst wie der ek in wannelôfdieling mar dy is opheft troch te min leden. Begjin 21e iuw is der ek in tennisôfdieling by komd.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje