De Fluezen

(Trochferwiisd fan Fluezen)

De Fluezen is in mar op 'e grins fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Hy leit noardeastlik fan De Holken en it giet yn it noardeasten oer yn de Hegemer Mar. De namme hat te krijen mei flues, driuwende seadden. Der is in sydslinke nei Wâldsein, Koudum en De Gaastmar leit oan in ynham (It Piel).

De Fluezen
De Fluezen sjoen yn de rjochting fan Ealahuzen
De Fluezen sjoen yn de rjochting fan Ealahuzen
geografy
type wetter mar
lokaasje Súdwesthoeke
lân Nederlân
provinsje Fryslân
koördinaten 52° 56' NB, 5° 32' EL
ûnderdiel fan Fluezen/Hegemer Mar
sifers
maks. lingte 12 km
maks. breedte 2 km
oerflak 15,16 km²
djiptegemiddelde 1,5 m
djipste punt 2 m
kaart
De Fluezen (Fryslân)
De Fluezen
  • grutte: 2030 ha.
  • lingte: 12 km. fan Heech oant Galamadammen.
  • breedte: 1,5-2 km, yn de 'hals' 1 km.
  • djipte: 1,5 m bûten de farslinke, yn de farslinke 2 m.

De Hegemer Mar, de Fluezen en de De Moarre binne yn de Saale-iistiid troch in gletsjer yn de ûndergrûn útsliten; se foarmje feitlik ien langhalige gletsjerdelling. Yn de midsiuwen wie it in feangebiet. Dat gebiet waard doe oanmakke troch sleatten en greppels te graven om it te ûntwetterjen sa't it gaadlik foar de lânbou makke wurde koe. Dêrtroch sakke de boaiem ta it peil fan de grûnwetter. Dêrtroch koe it lân simmerdeis allinnich brûkt wurde. Doe waard besletten it grûn foar turf ôf te graven, om't turf goed brânje foar de stienbakkerijen wie. Dêrtroch ûntstiene kûlen en dobben, dêr't der seadden hjir en dêr begûnen te driuwen, de "fluezen" dêr't de namme dus wei komt. Sa stadichoan ûntstie de mar.[1]

Op tiisdei 30 jannewaris 1877 is it steamskip "Willem III" yn de Fluezen op it Feitesân fergien. Dêrby kamen 14 minsken om it libben.[2]

Midden troch de mar rint in betûne skipfeartrûte 't ûnderdiel is fan it Johan Frisokanaal. By It Sân, in ûndjipte yn it suden rint it soal troch in kanaal, de Nije Feart.

Midden yn de Fluezen lizze de trije Krúspôlen: De Langehoekspôle (grutste) de Rakkenpôle en de Leiepôle. De Leiepôle is de lytste en leit yn de 'hals' fan de Fluezen Yn de Hegemer Mar leit it opspuite eilantsje de Rakkenpôle. Der sitte in soad kninen op dit eilantsje.

Natuergebiet

bewurkje seksje

It natuergebiet de Fluezen, by Koudum, is yn behear by It Fryske Gea. It is goed te sjen fan it wetter ôf mar oer it fytspaad fan Himmelum nei Galamadammen binne de gebieten Fûgelhoeke en natuergebiet de Moarre. It Koudumerboskje, bylâns it Johan Frisokanaal, is bûten it briedseizoen frij tagonklik.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • [1]- mei in kaartsje fan de Fluezen
  • [2] - natuergebiet De Fluezen (It Fryske Gea)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: