Fûgelhoeke
De Fûgelhoeke is in mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân, earder yn Nijefurd. It is in diel fan de Moarre benoarden Nijbuorren en Himmelum. De mar foarmet mei de Lytse Pôle ien mar dy't troch de Fangdyk, tusken Himmelum en de Oskepôle, ôfsluten is fan de Moarre. It fytspaad Moarrepaad fan Galamadammen nei Himmelum rint lâns de Fûgelhoeke en de Moarre. De mar leit yn it natuergebiet De Fluezen dat yn behear is by It Fryske Gea. De mar is yn 2006 útbaggere om de ferdrûging fan it gebiet tsjin te gean.
De namme Fûgelhoeke jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vogelhoek.