It Piel is in mar yn de gemeente Wymbritseradiel. De mar is in útham fan De Fluezen, súd fan De Gaastmar. Op de eastlike hoeke mei De Fluezen leit it buorskip Fiskersbuorren.

De namme It Piel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Het Piel.