Streamkanaal (De Lemmer)
It Streamkanaal is in kanaal yn de gemeente De Fryske Marren. It kanaal ferbynt de Grutte Brekken mei it Yr. D.F. Woudagemaal oan de súdliker lizzende Iselmar. Oan it Streamgemaal leit de jachthaven oan de Sylroede nei De Lemmer.
De namme Streamkanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Stroomkanaal.