Skipsleat (De Jouwer)
De Skipsleat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de nijbouwyk Skipsleat op De Jouwer oan de kant fan de noardeast lizzende polder Westermarder Utgongen.
De wyk Skipsleat bestiet hast foar 20% út wetter. Foarôfgeand oan de oanlis fan de wyk rûn allinnich de Nije Skipsleat troch it gebiet. Dy feart rûn eartiids fanút it sintrum fan De Jouwer yn noardlike rjochting nei it eardere Hoarnstermar. By de oanlis fan de wyk is de rin fan de Skipsleat itselde bleaun.
De measte kavels lizze oan wetter. Yn it binnenste gedielte fan Skipsleat binne de wetterpartijen mei elkoar ferbûn troch dûkers. De fivers yn de bûtenste skyl fan de wyk rinne ûnder brêgen troch en binne dêrom mei lytse boatsjes te befarren. Der is lykwols gjin ferbining mei de it iepen farwetter fan de Fryske marren.