Middenfeart (Dolsterhuzen)
De Middenfeart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Feanpolder Dolsterhuzen en begjint tusken Sânbuert en Dolsterhuzen. De feart rint dan nei it noardeasten en komt út yn de Broersleat ( ek wol Fjouwerhúster Feart neamd ).
De namme Middenfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Middenvaart.