Broeresleat
De Broeresleat of Fjouwerhúster Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. Hy foarme de grins tusken de gemeenten Skarsterlân en Lemsterlân. De feart rint fan de Tsjonger nei Fjouwerhûs oan de Tsjûkemar. Oan de súdeastkant leit de Feanpolder fan Dolsterhuzen. De feart is groeven yn opdracht fan Jelle Broers Hylckama, destijds grytman fan Haskerlân.
Oer de Broeresleat leit by Fjouwerhûs yn de N924 de Ruytenschildtbrêge. De brêge hat in lege trochfarhichte en kin net iepene wurde, sadat allinnich lege boaten fan dizze ferbining gebrûk meitsje kinne.
De nammen Broeresleat en Fjouwerhúster Feart jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele nammen Broeresloot en Vierhuistervaart.
Tusken Snits en Toppenhuzen leit de Broersleat.