Jelle Broers Hylckama

Jelle Broers (van) Hylckama (De Broek, 1545 - 1618) wie in Spaanskgesind Nederlânsk bestjoerder en rjochter út de 16e en 17e iuw, dy't sekretaris en grytman fan Haskerlân wie. Hy kaam út in ynfloedrike famylje. Syn pake en beppe kamen út de aadlike geslachten Feytsma, Ammama en Reynalda. Fierders wie hy ek in ôfstammeling fan Juw Juwinga dy't yn 1369 ta potestaat fan Fryslân keazen waard. En syn heit en syn pakes wienen grytmannen.

 
De 'academia van Vrieslant' dêr't Jelle Broers rjocht studearre
 
De Broeresleat dy't Jelle Broers grave liet

Doe't de Universiteit fan Frjentsjer iepene waard stjoerde Jelles' heit Broer Jelles (van) Hylckama - dy't grytman fan Skoatterlân wie - him nei dizze Universiteit, dêr't hy op rjochten ôfstudearre. Jelle Broers (fan) Hylckama waard grytman fan Haskerlân. Hy gie al gau ôf mar waard net folle letter oansteld as sekretaris fan Haskerlân. Faak wie de sekretaris fan in gritenij de feitlike bestjoerder en ek krekt de sekretaris waard der faak behoarlik ryk fan. Hy kocht ûnder oare Eysinga S(t)ate by De Jouwer en gie dêr wenjen mei syn frou en besiet dêr hast 30 hektare grûn. Fierders wie hy ûnder oare eigener fan Oenemastate, Sybraede State en in diel fan Rouckema State.

Under syn bewâld liet hy ûnder oare in feart grave, better bekend as de Broersleat of Broeresleat. It is in rjochte feart dy't ûnder Dolsterhuzen út de Tsjûkemar wei yn in súdeastlike strekking nei de rivier de Tsjonger rint.

Yn 1580 bleau Jelle Broers Roomsk Katolyk en sluet him oan by de saneamde Malkontinten. Dit wie in groep roomske eallju dy't yn de jierren 1577-1578 de Spaanske side keazen. Dit wie net alhiel sûnder gefolgen, grytman en freon Hoyte Uninga fan Hoytema moast tasjen hoe't op De Jouwer syn Hoytema Stins ôfbrutsen waard omdat men bang wie dat dit as útfalsbasis brûkt wurde soe. Jelle sels waard yn 1596 finzen nommen omdat hy trappearre waard by Roomsk-Katolike gearkomsten, wat destiids derbean wie. Hy kaam frij mei in boete fan 25 gouden Fryske riders, wylst oaren finzenisstraf krigen.

Hy krige fjouwer soannen, wêrûnder Ambrosius Gellius fan Hylckama dy't sekretaris waard fan Anjewier en op It Hearrenfean wenjen gie. Hy boaske mei Tjaertcke Tjaerts fan Heloma, de widdo fan Matthys fan Oenema. Syn oare soan, Piter Jelles fan Hylckama waard sekretaris fan Haskerlân fan 1622 pant 1681. In soad pakesizzers fan Jelle Broers waarden sels grytman, mar ek rjochters en aptekers kamen foar. Jelle Broers waard 73 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • E.M. van Burmania - Naamlijst der heeren grietslieden en secretarissen in Vriesland (1785)
  • H.B. van Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, side. 353
  • Genealogysk Jierboekje 1984, (Fryske Akademy, side 48)
  • Genealogysk Jierboekje 1990, (Fryske Akademy, side 150)
  • Genealogysk Jierboekje 1997, (Fryske Academy, side 128/129 - 134-135)
  • Wiebe Bergsma - Tussen Gideonsbende en publieke kerk, (1999, side 520)
  • Samme Zijlstra - Het geleerde Friesland, studenten ± 1380 - 1650
  • Nederland's Patriciaat, 5e jiergong, 1914, side 187-188