Malkontinten
Malkontinten, ( Frânsk: ûntefredenen ), wienen roomske keningsgesinden yn de Súdlike Nederlannen dy't nei de Pasifikaasje fan Gint (1576) de Spaanske kant keazen.
Nei it Ferrie fan Rennenberch ( 1580 ) kamen se ek in skoftke yn it noarden nei foaren. Fan Grins út, dêr't se hinne flechte wiene, dogge se oanfallen op Fryslân. Mei 1000 man leinen se yn Kollum, mar ferlearen gau in slach by Visvliet. Nammen fan Malkontinten steane yn it Konskriptio Eksulum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|