Ambrosius Gellius fan Hylckama
Ambrosius Gellius fan Hylckama (De Jouwer, 1583 - It Hearrenfean, 20 maart 1650) wie krektas syn heit Jelle Broers Hylckama in Nederlânsk steatsman en jurist út de 17e iuw. Hy wie grytman fan Haskerlân en ek sekretaris fan de eardere gemeente Anjewier. Hy komt út in geslacht dat in soad grytmannen levere.
Ambrosius Gellius studearre krektas syn heit rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy studearre ôf yn 1602 en waard postulant yn 1607. Hy waard dêrnei grytman fan Haskerlân (hy folge syn heit op) en op lettere leeftiid waard hy sekretaris fan Anjewier, It Hearrenfean. Hy ferhuze dêr ek hinne en troude mei Tjaertke Tjaerts fan Heloma, de widdo fan Matthys fan Oenema. Har bruorren hawwe beide grytman fan Anjewier west.
Ambrosius stoar op 67-jierrige leeftiid en liet trije soannen en in dochter nei.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|