Sânwetter
It Sânwetter is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. De mar is in útham fan de Tsjûkemar besuden Aldeouwer. Yn de mar leit it eilân Lytse Krús. De Skarster Rien en de Dyksleat rinne út yn it Sânwetter.
De namme Sânwetter jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zand- of Binnenwater.